Fytse yn de rein

septimber 16, 2023 09:30

Om Fryske poëzy nei it fuortset ûnderwiis te bringen en de sichtberens fan Fryske poëzy op skoallen te fergrutsjen, skreau de Dichter fan Fryslân 2021-2023, Sigrid Kingma, in poëzijwedstriid út mei in tema binnen in eksakt fak. It gedicht moast de lêzer op in oare wize nei de lesstof sjen litte. De winnende gedichten binne as posters opmakke en foarmjûn troch Silke Boersma. Juster krigen alle middelbere skoallen yn Fryslân de Fryske postergedichten fan de Dichter fan Fryslân tastjoerd. De Dichter fan Fryslân skreau sels ek in gedicht foar de poëzijposters. De oare gedichten binne skreaun troch Bauke Vermaas, Lara Kool-de Vries, Sietske Boonstra, Berber Spliethoff en Neeltje Terpstra.

Fytse yn de rein

Yn de rein op in simmerske snein
fytst Newton in wedstryd tsjin Einstein

Newton kin op ’e crosshybride
mei minimale wriuwing ride
dy teory is lang net dom
en by de helling, tink derom
fljocht er op ’e sweef omheech
want hy wit: massa is dreech

Einstein is net sa kreatyf
de fluchste tiid is relatyf
Newton mei graach it middelpunt sykje
en syn paraplubegryp sil hiel wat lykje
mar mei it gammel âld izer
is Einstein noch gjin ferliezer

Hat er der dan in moterke op?
Nee, gjin krêft kin tsjin logika op
al hast in aerodynamysk tenu
fytse wol net mei in paraplu.

Sigrid Kingma | Dichter fan Fryslân

septimber 16, 2023 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.