De grouwélige ein fan Jan Douma (ferhaal)

septimber 9, 2023 10:00

Kapitein I.J.Klein (publyk domein)

It wie 5 april 1961 doe’t kapitein I.J. Klein stoarjend foar him útseach, bliid dat er mei de walfiskfarder de MS Willem Barendsz en syn fiifhûndertkoppige bemanning – no ja, hast dan – wer yn Rotterdam oankomme soe. Se wiene op 28 novimber 1960 nei de Súdpoal útfearn en no kaam Rotterdam wer yn sicht.

Se hiene wol 2100 walfisken fongen, wat goed wie foar 4000 ton fiskmoal, 24000 ton traan en potfisk-oalje, 7500 ton walfiskfleis en 650 ton lever. Unilever draaide der goed by, wylst yn Ingelân de lever yn hûne- en kattefretten ferwurke waard. Mar oer de blidens dat it skip hast behâlden wer thúskomme soe, hong it skaad fan fan trije minder moaie skiednissen dy’t op de lange tocht bard wiene.

In bemanningslid, de Súd-Afrikaner Rudolf Matthuws, fan in jager, hie in swiere heak tsjin de holle krigen en wie fuort dea. It hie yn in fjochtpartij mei in oar bemanningslid, de Dútser S., west. It gerjocht moast mar útsykje oft er skuldich wie, dat de Dútser hie fierder gewoan syn wurk oan board dien. De oare manlju op it skip seine dat it selsferdigening west hie.

MS Willem Barendsz. Foto Harry Pot, Anefo, © Nationaal Archief Materiaalsoort, boarne Wikimedia Commons CCo

Dan hie der ek noch in ferstekkeling út Meppel west, dy’t yn Kaapstêd oan board slûpt wie en pas letter ûntdutsen wie. Doe koene se net mear weromfarre. De 25-jierrige frou wie nei Súd-Afrika emigrearre en woe werom. Se hie gjin sinten foar de weromtocht en woe dêrom mar swartfarre. Mar ris sjen hoe’t se der yn Nederlân oer tochten. Hysels en de bemanning hiene har neat yn ’e wei lein.

En dan noch in frjemd ûngemak midden yn ’e nacht op folle see. De 23-jierrige speksnijer Jan Douma út De Skâns-Oostmahorn wie ferdwûn. Oer board fallen of sprongen? Hy wist it net. Doe’t it ûntdutsen waard, wiene se weromfearn en hiene se in boadskip nei oare skippen útstjoerd om ek nei de drinkeling út te sjen. Mar it hie neat opsmiten en se wiene fierder fearn. Dochs wol mâl dat dy jongkeardel, krekt troud en ek noch in berntsje fan noch gjin jier, samar yn it neat ferdwûn wie. Se hiene it hiele skip trochsocht, mar neat fûn. Der wiene wol tsien bemanningsleden út Eanjum en De Skâns; dat wie in hiele protte út sokke doarpkes yn it noarden fan Fryslân.

 * * *

Op wei nei hûs ta wie der op de Willem Barendsz net safolle mear te dwaan. De bemanning ferfeelde him by tiden tige. It moat healwei Afrika, in tal milen fan Dakar ôf, west hawwe. De manlju seagen neat oars as wetter, wetter en nochris wetter. En wat kriget men dan? Krekt, lamliddichheid en pesterij. Dêr’t in protte lju op in bult sitte en hast neat te dwaan hawwe, wurde rare grappen útfûn.

Jan Douma (publyk domein)

Jan Douma wie de jongste fan de fjouwer dy’t yn ien hutte sieten. Se wiene opinoar oanwiisd. Wa’t it krekt wiene is net bekend, mar dat ien fan harren Nelis Lens wie, leit foar de hân, want oars hie dy it ferhaal net kenne kinnen. Miskien hawwe der wol mear west dy’t derfan wisten. Nelis Lens wie in sûper en as er te folle op hie, wie er net noflik. Letter waard wol sein dat er alkoholist wie, mar as er nochter wie, koe men wol op him oan.

Hawar, in pear manlju besleaten dat se mar ris in âld seemansgrapke úthelje moasten. In begraffenis yn sêne sette, krekt sa’t bern wolris diene, mar dan op see. In seemansgrêf neibauwe! Ien moast ‘ketelbinkie’ wurde; no de jongste dan mar, en dat wie … Jan Douma, 23 jier âld en speksnijer. Hy hat tsjinstribbele en lûd raasd, hy hold net fan dat soarte fan ‘grappen’. Mar se hawwe him de mûle snuorre en grif fêstbûn en op in planke lein. Sa gie it by in seemansgrêf yn it echt ek, en se hawwe Jan in hoed op it liif lein. Ien wie de dominy en hold in gebed.

Om midnacht hinne leine se, miskien heal dronken, de planke mei Jannetje derop, op de reling. Allegearre mei-inoar songen se it bekende lietsje Ketelbinkie:

Toen wij van Rotterdam vertrokken
met de ‘Willem Barendsz’ een ouwe schuit
met kakkerlakken in de midscheeps
en rattennesten in ’t vooruit
toen hadden wij een kleine jongen
als ‘ketelbinkie’ bij ons aan boord ……
……..
en in een één, twee, drie in Godsnaam ging ’t ketelbinkie overboord.

en sa fierder.

Oan ’e ein tilden se de planke mei Jannetje heech op en doe …. is hy derôf gliden en yn see fallen … en ferdronken.

Wie it in ûngelok, barde it yn in dronkemansroes? Wy sille it nea witte. Hy hat it skip ferdwinen sjoen yn ’e neare nacht, is sonken en hat syn frou en berntsje nea wer sjoen. In dea troch in wol hiel stomme grap.

Doe’t syn maten ta harsels kamen, wiene se harren ried te’n ein. Se giene nei harren hutte9n) en net nei de brêge om te warskôgen dat er in man oerboard wie. Se hawwe it stil holden en letter sein dat Jan Douma net opdaagjen kommen wie. Alles is trochsocht en hy is net fûn. Der is doe mar oannommen dat Jan himsels tekoart dien hat of dat er oer board fallen is.

* * *

Yn 2008 krigen de fjouwer susters fan Jan Douma, dy’t oant dan fan neat wisten, dit ferhaal te hearren fan Gré Lublink út Oranjewâld, de widdo fan Nelis Lens. Sy koe it ferhaal trochdat har man it sa der faak oer hân hie, oant syn dea yn 1972 ta. Neffens Gré Lublink, en dy koe har man, wie it wier, want hoewol’t er dronk as in ketter, spruts er wol de wierheid en wie er gjin fantast.

Henk F. Hansma
Boarne: De Telegraaf 2008/Gré Lublink

septimber 9, 2023 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.