Bysûndere dei foar neibesteanden bemanning Lancaster ED603
Resint ferskynd
Ofrûne tongersdei om presys 13.55 oere fleach in histoaryske Beechcraft oer de bergingslokaasje op it wide wetter fan de Iselmar, dêr’t krekt sân krânsen dellein wiene. Ut respekt foar en as oantinken oan de sân moedige bemanningsleden fan de Lancaster ED603 dy’t dêr’t yn de Twadde Wrâldoarloch delstoarte. Dat de tritich neibesteanden fan dy jonge manlju oandien wiene, wie te sjen.

De ‘Last Post’ (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)
De dei begûn mei in besite oan it besikerssintrum. Neibesteanden seagen dêr de earste wrakstikken fan Lancaster ED603 dêr’t harren sibben tachtich jier lyn mei te’n ûnder giene. Under oare in driuwtsjil, ien fan de fjouwer motoaren en de radio fan it fleantúch wiene te besjen. Letter dy deis wie it besikerssintrum foar it publyk iepen.
Bewûndering foar de offers fan sân moedige, jonge manlju
Neidat alle oanwêzigen oan board fan it skip Regina Andrea stapt wiene, iepene boargemaster Jannewietske de Vries har taspraak mei “Eric Arthur Tilbury… Harold Elvin Howsam… Arthur Bertram Smart… Charles Fredrick Sprack… Raymond Edward Moore… Arthur Gordon Fletcher… Gordon Robert Sugar… The seven brave, young men who gave their lives for the freedom of others.” Minister Kajsa Ollongren, minister fan Definsje, spruts ek har bewûndering foar en tank oan de sân moedige manlju út. Dêrnei ûntfongen boargemaster De Vries en minister Ollongren de earste eksimplaren fan it boek Geborgen Verleden. Dat boekje oer de bemanningsleden fan Lancaster ED603 waard harren út namme fan Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF) oerlange troch Douwe Drijver.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân
De ‘Last Post’, in yntinse minút stilte en sân krânsen
Oankommen op de bergingslokaasje ferstillen de petearen. Dat wie en is in bysûnder plak, dat wie fuortdaliks oan de neibesteanden te fernimmen. Op de bergingslokaasje waard in bysûndere seremoanje holden. Dêrby waarden de ferhalen fan de trije noch miste bemanningsleden Charles Sprack (23), Raymond Moore (21) en Arthur Smart (27) dield. Pieter Bergsma, hoarnblazer fan it orkest fan de Keninklike L0ftmacht, spile tradisjoneel de ‘Last Post’. Nei de lêste noat folge in yntinse minút stilte foar de sân bemanningsleden fan de Lancaster ED603.
Minister Ollongren lei út namme fan it ministearje fan Definsje foar it Nederlânsk regear in krâns en Stieneke van de Graaf die dat tegearre mei Jurn de Vries foar it Nederlânsk parlemint. Generaal Onno Eichelsheim, kommando fan de striidkrêften en Erwin van Beljouw, kommandant air support command, betsjûgen ek harren respekt troch in krâns te lizzen. Ut namme fan de ambassadeurs fan Ingelân en Kanada waarden twa krânsen lein. Boargemaster De Vries en wethâlder Petra van den Akker leine dêrnei foar de gemeente Súdwest-Fryslân in krâns. De sânde en lêste krâns waard troch de SMAMF lein.
Dêrmei wie de seremoanje hast foarby, mar net foardat in histoaryske Beechcraft út respekt in ‘fly-by’ as lêste groet fersoarge. Sichtber oandien troch it respekt foar harren ferlerne famyljeleden, seagen de tritich Britten en Kanadezen ta.

Berging Lancaster ED603 (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)
Begraafplakken Warkum, Starum en Hylpen
In dei earder wiene de neibesteanden op de begraafplakken yn Warkum, Starum en Hylpen. De lichems fan piloat Eric Tilbury (26), Harold Hawsam (27), Arthur Fletcher (20) en Gordon Sugar (21) spielden nei it delstoarten op de Fryske kust oan en krigen harren lêste rêstplak op dy begraafplakken. Yn gearwurking mei de 4 maaie-komitees en de skoallen waard op al dy lokaasjes in seremoanje holden. Dêrby liezen in stikmannich bern yn it Ingelsk brieven en ferhalen foar dy’t se oan de fallen bemanningsleden skreaun hiene. De learlingen en de 4 maaie-komitees leine dêrnei respektfol blommen op de oarlochsgrêven.
Op www.geborgenverleden.nl is mear ynformaasje oer de Lancaster ED603 en syn bemanningsleden te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje