Plysje rydt om ’e nocht om ‘rituele klibermoard’ út
Resint ferskynd
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Dinosaurus Barry wurdt feild: ‘Tige goed bewarre bleaun’ 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
In yogales yn it Ingelske kustplak Chapel St Leonards is brút fersteurd troch de plysje. Foarbygongers hiene de plysje skille om’t se troch it rút fan in hoarekagelegenheid ferskate lichems ûnder tekkens lizzen sjoen hiene. Hja seine dat se oan in “rituele klibermoard” tochten.

Foto: morguefile.com
Plysjes kamen manmachtich op it plak en stoarmen it gebou yn. Hja troffen in fan neat wittende yogalearares oan, en sân learlingen. “Ik tocht earst oan in grap”, seit yogalearares Millie tsjin de BBC. Mar doe lei se it ferbân mei twa minsken dy’t se efkes earder foar it rút stean sjoen hie. “Ik tink dat harren fantasy op ’e rin rekke is.”
De 22-jierrige yogalearares seit dat de learlingen mei de eagen ticht ûnder in tekken leine. De romte wie inkeld troch in pear kearsen ferljochte. De learares rûn klaaid yn in keep om de learlingen hinne, súntsjes op in trommel slaand. Letter begriep se wol dat de foarbygongers oan wat slims tochten. “De learlingen leine der sa rêstich, noflik en ûntspand.”
De plysje seit yn in reaksje dat efter it alarmearjende telefoantsje “goede bedoelingen” sieten en lit de saak gewurde. “Wy binne bliid dat elkenien feilich bliek te wêzen”, seit in wurdfierder. Yn it kafee dêr’t de yogales jûn waard, kinne se wol om it ynsidint laitsje, blykt út in ferklearring op Facebook. Takomstige pottekikers wurde gerêststeld: “Tink derom dat der jûns by ús faak yogalessen binne. Wy hawwe neat mei nuvere sekten te krijen.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje