Britske man dy’t by fersin op telefyzje kaam, easket fergoeding fan de BBC
Resint ferskynd
In Brit dy’t yn 2006 dy’t by fersin foar in kenner fan de muzykyndustry holden waard, easket in fergoeding fan de BBC, omdat it YouTube-filmke dêr’t er yn te sjen is miljoenen kearen besjoen is. De 54-jierrige man is fan betinken dat er rjocht hat op it jild dat de Britske omrop dêrmei fertsjinnet.

Foto: Wikipedia/Zizzu02, eigen wurk – CC BY-SA 3.0
De man sollisitearre yn 2006 nei in IT-funksje by de Britske omrop. Hy melde him by de resepsje en krige it fersyk efkes te wachtsjen. De redaksje fan BBC News 24 siet op dat stuit op ien mei deselde foarnamme te wachtsjen, dy’t wat oer de finansjele gefolgen fan it yllegaal delheljen fan bestannen fertelle soe. Doe’t in redakteur fan it programma ‘Guy’ frege om mei te kommen en der net ien oars oerein kaam, tocht de man dat dy oprop foar him wie en besleat er mei te rinnen. Foar’t er it wist, siet er op in stoel yn ’e studio njonken presintator Karen Bowerman, fernuvere te sjen nei wat er om him hinne barde.
Hy skrok him in ûngelok, doe’t er ynienen in fraach krige, mar besocht dy sa goed mooglik te beäntwurdzjen. De opname gie de hiele wrâld oer. “Hja brûke it al hast tweintich jier en ik haw der gjin sint foar krige”, sei de man yn juny yn in Britske podcast. It sollisitaasjepetear dêr’t er foar kaam, hat nea west. De man bleau kompjûtertechnikus en wurket no foar in ynstelling foar minsken mei learproblemen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje