Briefkje (84): Betsjutting sykje en útdrukke

septimber 26, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn foarige brief.

Bêste Jan,

wat in geskriuw om in pear wurdsjes! Jawis, mar do en ik hâlde derfan om út te sykjen hoe’t it krekt sit. Mar wêrom dan? Omdat it om betsjutting te rêden is. Wat wurdt krekt bedoeld? Dêr giet it my om. Wat drukt sa’n lyts wurdsje krekt út? Mei’t de ferskillen yn betsjutting en gebrûk fan wurden soms hiel lyts binne, moatte we de nuânsen goed yn ús omgean litte en kinne wy deroer briefkje.
Dat ik de sin hjirfoar begûn mei Mei’t (neffens my net ferkeard), is wat gekoanstekkerich bedoeld. Want ik hie miskien better Om’t brûke kinnen. Dat hasto yn dyn foarige brief dúdlik makke. Ik tink net dat om’t en omdat te Hollânsk lykje soenen, mar dat yn it Hollânsk foar meidat/mei’t gjin wjergader te finen is (meedat of mededat besteane net). Do neamdest aangezien, mar dat hat ek deselde ynhâld as omdat. Om it fan omdat te ûnderskieden, brûk ik meidat it leafst yn de betsjutting fan op it stuit dat. Doe’t ik meidat ferline wike yn dyn brief lies, kaam my fuort Durk van der Ploeg yn ’t sin. Dy brûkt yn sokke gefallen gauris sa’t. Yn De lêste floed stiet bygelyks dizze sin: ‘Sa’t ik him in skoftsje mei in stevige knyp by de trui beethâlde, bestjurre de eangst him yn ’e eagen.’

Mar no wer hiel wat oars, dat wol sizze, it ûnderwerp mei oars wêze, it sykjen om betsjutting bliuwt gelyk.
In skoft lyn kaam it persoanlik foarnamwurd har/harren op it aljemint en Abe de Vries woe oan dy farianten in aparte, eigen betsjutting jaan. By harren soe it om de yndividualiteit gean en by har om de kollektiviteit. It ûnderskied tusken yndividu en kollektyf sil grif ek foar it besitlik foarnamwurd jilde, mar as it my net mist, wie dat foar de diskusje net fan belang.
Men moat al tige fynfielend wêze om sa’n ûnderskied allinnich al te sjen; it moat in dichter wêze dy’t it op it aljemint bringt en dêr bewûnderje ik Abe om. Al moat ik earlik sizze dat it foar de deistige taalpraktyk fierstente dreech wurde soe, en dêrom kin it mar better net yn de Fryske grammatika opnommen wurde. Mar no komt it:
Fan ’e wike lies ik dizze sin: ‘Alles watsto skreaun hast heart dochs altyd by alles watsto skreaun hast.’ (Dy haw ik hjir letterlik oerset út it Hollânsk). De sin stie yn grutte reade letters op in fierders lege side fan in boek, likernôch A4-formaat. Der stie dus net samar wat! Twa kear alles watsto skreaun hast, mar net twa kear itselde! It earste alles ferwiist nei elts ferske apart (yndividualiteit) en it twadde alles ferwiist nei alle fersen byinoar (it kollektyf). Ik bin der wiis mei dat Abe my dat ûnderskied yn ’t sin brocht hat. Mei twa wurden (har en harren) hawwe wy de mooglikheid om dat subtile detail fan de yndividualiteit oan te jaan, mar dat is winliken net nedich. Mei twa kear itselde wurd (alles) begripe wy dat ferskil ek wol. Yn it gefal fan alles soe ien fan beide wurden ferfongen wurde kinne troch al. Mar hokker fan de twa? Ik soe kieze foar it earste, al is dat slim te beredenearjen.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

septimber 26, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.