Briefkje (83): Trochdat of omdat – oarsaak of reden?  

septimber 19, 2023 08:32

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn foarige brief.

Bêste Ed,

Ferline wike stiesto stil by it ferskil tusken de fragen Hoe komt it? en Hoe komt dat? Ik wol dêr noch efkes op trochgean. Yn dyn earstneamde gefal kinne we ek freegje: Hoe sil dat útpakke? of Hoe sil dat beteare? It giet om wat noch komme moat. Yn it twadde gefal giet it om wat al west hat. Wa’t witte wol hoe’t him dat tadroegen hat, soe de fraach sa stelle kinne: Hoe gie dat yn syn wurk? Wa’t lykwols de oarsaak fan in foarfal witte wol, docht better en freegje: Wêr kaam dat troch? Dy fraach is better tink ik, omdat ‘Hoe komt dat’ of ‘Hoe kaam dat’ in antwurd útlokket dat mei ‘Dat komt omdat …’ begjint. Ik wit net oft it dy ek sa giet, mar ik hear en sjoch faak dat it (byn)wurd ‘omdat’ brûkt wurdt yn gefallen dêr’t it ‘trochdat’ wêze moatten hie.

Op skoalle learde ik: as it om de oarsaak giet, heart dêr ‘trochdat’ by; giet it om in reden, dan ‘omdat’. Mei foarbylden waard dat ferdúdlike: Ik kaam te let op skoalle, trochdat ik in lekke bân hie. Ik gean út skoalle wei gau nei hûs ta, omdat ik in soad húswurk haw. Dat skerpe ûnderskied wurdt tsjintwurdich net mear makke, mar yn de sin ‘Omdat yn Afrika okkerdeis slimme natuerrampen wiene, binne dêr in soad slachtoffers’ kin ik it mei ‘omdat’ net lykfine. Dat heart, tink ik, ‘trochdat’ te wêzen, al binne der ek noch safolle minsken dy’t dat net oanfiele. Oars leit it yn ‘Omdat der yn Afrika natuerrampen wiene, wurde der allegearre helpaksjes op tou set.’ Dêr is de kar foar omdat goed, want dy aksjes binne net troch de rampen feroarsake, nee, de rampen binne de reden dat minsken helpe wolle.

No bewear ik wol dat by oarsaak trochdat heart, mar de praktyk jout my ûngelyk. Dat blykt út al dy (by)sinnen dy’t mei omdat begjinne. Watfoar advys jout Onze Taal fia syn Taalloket? ‘Oorzaak: omdat en doordat allebei goed.’ Dat is dan wol foar it Hollânsk, mar it jildt neffens my hjir ek foar it Frysk. Dat advys wurdt nuansearre mei de tafoeging dat by natuerferskynsels en alles dêr’t net oan te ûntkommen is, trochdat it gebrûklikst is. Omdat is better as de minsklike ynfloed in rol spilet, as immen útleit wêrom’t of mei watfoar doel dat er wat docht of fynt.

Der binne ek minsken dy’t (foaral skriftlik) yn stee fan omdat graach meidat (of mei’t) brûke. Miskien omdat omdat te Hollânsk liket? Aant Mulder silger skreau my ris dat it him wat argewaasje joech dat op It Nijs mei’t nochal yn ’e swang wie. Dat wurd betsjut ek doe’t en op it stuit dat …, mar dat is lang net altyd fan tapassing as it om omdat giet. It is ek de oersetting fan aangezien. Ek in reden om mei’t te mijen.

Wat in geskriuw om in pear wurden, silst tinke, mar hâldsto der ek fan om soks út te sykjen?

Mei freonlike groetnis,

Jan

 

septimber 19, 2023 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.