Briefkje (82): It strykt as hoassokken

septimber 12, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief.

Bêste Jan,

dat wie ferline wike in like ûnferwachte as nijsgjirrich útstapke nei de aktualiteit fan ‘taal en kultuer’ by de Provinsje. Yn de portefúljeferdieling hawwe Deputearre Steaten taal (en taalûnderwiis) en kultuer útinoar helle. Wy binne der beide wol fan oertsjûge dat taal ek kultuer is (en kultuer ek taal), mar beliedsmjittich kin dat faaks oars besjoen wurde. Underwiis, benammen taalûnderwiis, heart by kultuer, mar fertsjinnet wol spesifyk omtinken. Dêrom in apart beliedsterrein. Dat soest fan sport ek sizze kinne; heart sport ek net by kultuer? Of giet it om sûnens? Wa’t seit dat sport edukaasje is, komt fansels wer by kultuer út.

Hawar, wy briefkje net oer bestjoerlike saken, dat ik sil it fierder dus wer oer taal hawwe. Dy sin dy’t mei As begûn, doogde net en dat hie ta kommunikaasjeproblemen liede kinnen. Do kreaust derby dat it net in kwestje wie fan wol of net (geef) Frysk skriuwe te kinnen. Ik lies dat as: men moat jin logysk en adekwaat útdrukke en ja, dat jildt foar eltse taal. Goed sizze (en skriuwe) wat jo bedoele. Mar it giet wol om sinbou en dat is dochs taalspesifyk. Tusken it Hollânsk en it Frysk is der fandatoangeande gjin ferskil yn de oanbelangjende sin. It probleem is dat der, om it moai te sizzen, gjin kongruïnsje is tusken it ûnderwerp en de oare dielen fan de sin. ‘It strykt as hoassokken’. Sa soe ik it ek sizze kinne, noch Fryskeigener. It komt derop del dat sindielen (de formulearring dêrfan) krekt lykas hoazzen byinoar passe moatte. Earlik sein is dat foar my wichtiger by taal as by hoazzen, mar dat is persoanlik.

Fierders it ferskil tusken sin en nocht. By sin draait it om ‘motivaasje’ en by nocht om ‘wille’. Dat is in kwestje fan taaleigen.

De oanhelling “Ik wit net, ik wit net … komt dit wol goed?” is nijsgjirrich om efkes by stil te stean. Hoe’t it komt, sille wy ôfwachtsje moatte. It tiidwurd komme ferwiist nei de takomst; wy wolle it ferfolch of de ôfrin witte. De ein fan it ferhaal, de ûntknoping moat ommers noch komme. Mar it leit oars as ik sis: “It kopke is stikken; hoe komt dat?” Meastal sizze we dan dat en net it, mar faak ek dit. Dan is fuort dúdlik dat der frege wurdt nei de oarsaak. It kopke is op de stiennen flier fallen. As my frege wurdt hoe’t it komt, dan is it earste wat my yn ’t sin komt: ‘It komt wol goed’. Mar as mei dy fraach bedoeld wurdt hoe’t it kommen is, dan soe dat antwurd der fier by troch wêze.

Yn sinsferbân is dat ûnderskied makliker te hearren: Of hoe komt it dat … , of hoe komt it mei … . Hoe komt it dat it kopke stikken is (wat is de oarsaak) en hoe komt it mei it kopke (it kin lime wurde).
Ik tocht altyd dat ‘hoe komt it mei … ’ en ‘komt dat wol goed?’ as in wize fan  freegjen nei de takomst typysk by it Frysk hearden. Yn it Hollânsk soe ommers earder sein wurde: ‘hoe gaat dat?’ (tsjintwurdich: ‘hoe gaat dat komen?’) en ‘gaat dat wel goed?’ (‘gaat het goedkomen?’). It freegjen nei de oarsaak (hoe komt dat?) die my Hollânsker oan. Mar njonkelytsen bin ik dêr net sa wis (mear) fan.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

septimber 12, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.