Briefkje (81): Komt it wol goed?
Resint ferskynd
Bêste Ed,
Dizze kear reagearje ik net op dyn lêste brief, mar op it opinystik fan Arjen J. Dijkstra dat ôfrûne wike op It Nijs stie. Dy skreau: “Ik wit net, ik wit net … Komt dit wol goed?” Ik bin bang dat Arjen mei syn twivel wolris gelyk krije kin. Hy heakke yn op wat ik fjirtjin dagen lyn oer it wurdpear ‘taal en kultuer’ skreau. (Ik hie ek ‘keunst en kultuer’ neame kinnen; dy wurde ek faak yn ien sike neamd.) Arjen hat it der net op stean dat de ferantwurdlikheid foar taal en taalûnderwiis yn it nije kolleezje fan Deputearre Steaten net mear yn de portefúlje fan de Deputearre sit dy’t kultuer op ’e noed hat.
Ien fan de gefolgen wie ferline wike al te sjen. De Provinsje liet doe in parseberjocht oer de beneaming fan syn nije sekretaris/algemien direkteur útgean. Deputearre Folkerts seit dêr oer him ûnder mear yn: “As wichtichste adviseur fan it deiliks bestjoer fan de provinsje binne wy bliid mei syn maatskiplike belutsenens.”
Dy deputearre giet no krekt oer taal en taalûnderwiis! Se sil it sa wol net sein hawwe en yn alle gefal sa net bedoeld hawwe, mar se hat it berjocht mei dy útspraak sa wol de doar útgean litten. Op it webstee fan de Provinsje is de flater ‘deiliks bestjoer’ al ferbettere, mar dat de sin dan noch net doocht, is sa te sjen net opmurken. Wat is der mis mei? De konstruksje is net goed. Mei de wichtichste adviseur wurdt de sekretaris/direkteur bedoeld. It deistich bestjoer wurdt foarme troch de Deputearre Steaten. Sa’t it formulearre is, soe it ûnderwerp (wy, de deputearren dus) de wichtichste adviseur wêze. In goede sin soe west hawwe: “As deistich bestjoer binne wy bliid mei de maatskiplike belutsenens fan ús wichtichste adviseur.” Mei sinnen dy’t mei As begjinne, is it altyd oppassen. Dat leare we al op skoalle. It hat neat mei wol of net Frysk skriuwe kinnen te meitsjen.
Yn itselde berjocht wurdt de nije funksjonaris in sin yn ’e mûle lein dy’t wol mei de behearsking fan it Frysk te meitsjen hat: “Ik ha in soad nocht om yn oparbeidzjen mei it hiele tiim my hjirfoar yn te setten…” It is bêst mooglik en sels te hoopjen dat er nocht oan syn tsjintwurdige wurk hat. Fan syn nije baan kin er sizze dat er dêr sin oan hat. Yn it berjocht hie er sizze kinnen: “Ik haw der sin oan om my hjir yn oparbeidzjen mei it hiele team foar yn te setten.” Yn de Hollânske edysje fan it berjocht stiet ‘zin aan’. Yn de Fryske edysje is dêr ‘nocht oan’ fan makke. Dat is wol hiel apart!
In skerpe lêzer sil sizze dat yn dy sin ‘hjir’ net goed is en dat it ‘dêr’ wêze moatten hie. Dat soe wier wêze as it werom wiisde, mar it wiist yn ús gefal foarút: “mei-inoar wurkje oan in moai en sterk Fryslân.”
It is te hoopjen dat, as it ien kear safier is en elkenien ynwurke is, it Provinsjebestoer it Frysk net allinne mar in waarm hert tadraacht, mar dat it dat yn geef taalgebrûk ek blike lit. Want oars komt it op ’e kop ferkeard.
Jan Breimer
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje