Bou fan mear as hûndert betelbere wenten by sintrum Dokkum

septimber 18, 2023 08:16

Op 5 oktober wurdt de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân frege om it bestimmingsplan foar de wenteboulokaasje Noarderstek yn Dokkum fêst te stellen. It omfiemet de bou fan mear as hûndert foar it grutste part betelbere wenten op it plak dat bekend stie as de Mollema-lokaasje.

Grutdjip Dokkum (foto: Wikipedia/Ruben Holthuijsen – CC BY-SA 2.0)

Oan de Rûnwei-Noard yn Dokkum leit it terrein fan it eardere túnsintrum Mollema. Sûnt de sluting fan it túnsintrum, yn 2012, hat it gebou lang leechstien. De lizzing oan de Rûnwei en de koarte ôfstân nei de binnenstêd freget om in heechweardige ynfolling. It bestimmingsplan moat de bou fan yn totaal 110 wenten mooglik meitsje. It giet om 24 apparteminten en 86 wenten, mei dêrûnder rige-, twa-ûnder-ien-kap- en frijsteande wenten. De klam leit op betelberens en sosjale hier. By it tawizen fan de wenten hawwe bewenners fan de gemeente en regio foarrang. Ofhinklik fan it fierdere ferrin fan de proseduere wurdt ferwachte dat ûntwikkeler Zwanenburg Projecten fan It Hearrenfean yn ’e twadde helte fan 2024 mei de bou úteinsette kin.

Wethâlder Bert Koonstra set sterk op wentebou yn doarp en stêd yn: “Noarderstek is op trije fronten in hiel wichtige ûntwikkeling. De wenningen binne betelber, it giet om in foars oantal en de lokaasje is hiel oantreklik. Moai tichteby it sintrum fan Dokkum. Fia ús fleksibele wenningbou-oanpak folje wy de kommende jierren sawol yn de doarpen as yn de stêd de wenningfoarried oan.”

Op tongersdei 14 septimber binne yn It Petear de plannen oan de gemeenteried presintearre en op tongersdei 21 septimber komme se nochris op it aljemint yn It Debat.

septimber 18, 2023 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.