Boekpresintaasje ‘Ienenfjirtich dingen’ fan Carsten René Nielsen

septimber 30, 2023 08:19 Fernijd

Op woansdei 18 oktober wurdt de Fryske oersetting fan Carsten René Nielsen syn nijste proazagedichtebondel Ienenfjirtich dingen yn kafee De Gouden Leeuw yn Ljouwert presintearre.

Carsten René Nielsen (foto: Preben Stentoft)

Nielsen is in bekende yn Fryslân, trochdat er yn 2018 yn it Kulturele Haadstêdjier Ljouwert oandie; en yn 2021, mei de boekpresintaasje fan de blomlêzing Oar hûs / Et andet hus, hat er mei oare Deenske dichters yn Ljouwert en Harns fan him hearre litten. Syn fans hawwe der efkes op wachtsje moatten, mar no is dan de bondel Ienenfjirtich dingen, oerset troch Geart Tigchelaar, beskikber.

Op 18 oktober is de boekpresintaasje. Dêr sil Tigchelaar de Fryske oersetting by foarlêze. Fierders sil syn Nederlânsk/Fryske kollega-proazadichter Nyk de Vries de muzyk fersoargje, jout oersetster Lammie Post-Oostenbrink in skôging fan Deenske literatuer yn oersetting en drage de Fryske dichters Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Cornelis van der Wal harren Aarhusiaanske gedicht út de bondel Oar hûs / Et andet hus foar. De jûn begjint om 20.00 oere en de tagong is fergees.

Carsten René Nielsen bruts yn 1989 yn Denemarken troch by it grutte publyk mei de bondel Cirkler. Hy stiet sûnt dy tiid as dé Deenske proazadichter bekend en hat yn ’e rin fan ’e tiid syn oeuvre gâns útwreide. Ienenfjirtich dingen is njonken it Frysk oerset yn it Ingelsk en Italiaansk. De Fryske oersettingen komme út by Utjouwerij Hispel.

Boarne: Utjouwerij Hispel

septimber 30, 2023 08:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.