Binne Mosk: By it ferstjerren fan Erwin Olaf (1959–2023)

septimber 21, 2023 11:33

Skôging

Op tiisdei 23 augustus 2022 rieden der gjin treinen, mar ik hie in ôfspraak yn it sintrum fan Den Haag dy’t al in kear ferset wie en dy’t ik dêrom net ferskowe koe. Gelokkich wennet ús âldste soan mei syn húshâlding yn Rotterdam. Dêr koe ik sliepe. Trams, bussen en de randstadrail rieden wol, en fytse fan Rotterdam nei Den Haag kin ek, dat myn ôfspraak hoegde net ferset te wurden.

Men wol net graach te let komme en sadwaande wie ik dy tiisdeitemoarns al betiid ûnderweis. Ik wie ek fan doel om myn ôfspraak te kombinearjen mei in besite oan ien fan myn favorite musea, it Mauritshuis. Ommers, gjin treinen, dat it soe grif rêstiger wêze as nea earder. Dat wie sa. Der wiene mar in pear minsken, foar in part toeristen dy’t al yn Den Haag wiene.

In jier of wat lyn kaam it Mauritshuis yn opspraak. It gebou is neamd nei de earste eigener, Johan Maurits van Nassau Siegen (1604–1679). Hy wie fan 1636 oant 1646 gûverneur fan Nederlânsk Brazilië en yn dy funksje baas oer de sûkerplantaazjes dy’t bewurke waarden troch slaven of yn it moderne jargon ‘ta slaaf makken’.

Dat Nederlân belutsen wie by de slavehannel falt net goed te praten, mar it liket my gjin reden om der no noch ekskuzen foar oan te bieden, sa’t guon de lêste tiid wolle. Men kin allinne ekskuzen oanbiede foar ûnrjocht dêr’t men sels by belutsen wie. Boppedat liket my dy ferskriklike slavehannel gjin reden om de namme fan in gebou te feroarjen, omdat se dan wol oan ’e gong bliuwe kinne.

It Mauritshuis hat in ûnbidich moaie kolleksje skilderijen. Fansels it ‘Meisje met de Parel’ fan Johannes Vermeer, ús Nederlânske Mona Lisa, mar folle moaier. Allinne om dat skilderij soe men derhinne gean, mar der hingje ek dy skitterjende ‘Anatomische les van dokter Nicolaes Tulp’ fan Rembrandt, it ‘IJsvermaak’ fan Hendrik Avercamp en ‘De stier’ fan Paulus Potter. Ien fan de topwurken is it ‘Gezicht op Haarlem’ fan Jacob van Ruisdael. It Mauritshuis skriuwt dêroer:

In dit schilderij legde Van Ruisdael de essentie van het Hollandse landschap vast. Vanaf een hoog duin kijken we over het vlakke land in de richting van Haarlem, de stad in de verte. Daarboven strekt zich een onmetelijke lucht uit waarin stapelwolken voorbijglijden.
Van Ruisdael liet de zon door de wolken schijnen, waardoor licht en schaduw elkaar afwisselen. Via de zonnige plekken leidt hij onze blik de diepte in, van de velden waar linnen ligt te bleken, naar de Haarlemse Bavokerk in de verte.

Jacob van Ruisdael (1628–1682), Gezicht op Haarlem 1670, yn it Mauritshuis (publyk domein)

Dat prachtige lânskip fan eartiids is neat mear fan oer. Yn de tiid dat Ruisdael syn ‘Gezicht’ skildere, hie Nederlân noch gjin twa miljoen ynwenners. Yn de NRC fan 16 septimber 2022, ‘De verrommeling van het land is een keuze’, stelde Paul Scheffer fêst dat allinne al nei 2000 it ynwennertal fan ús lân mei twa miljoen tanommen is. Dat hat te krijen mei flechtlingen, asylsikers en minsken dy’t hjir foar wurk of stúdzje komme. Neffens Scheffer libje wy yn it meast globalisearre lân fan de wrâld, en it is net maklik om oan sokke komplekse ûntjouwingen stjoer te jaan. Wy hiene in sterke tradysje fan romtlike oardering en it wurdt neffens Scheffer heech tiid om nei te tinken oer hoe’t it fierder moat en om yn te gripen. Scheffer is net de iennige dy’t him dêr om bekroadet. Sa kom ik by de fototentoanstelling dy’t oant en mei mids oktober ferline jier yn it Mauritshuis te sjen wie. Dêr skriuwe se oer:

Miljoenen ogen bewonderden in de afgelopen 200 jaar de schilderijen van het Mauritshuis. Bij iedereen maken de meesterwerken andere gevoelens los. Dus wat gebeurt er als nieuwe meesters verder gaan waar oude meesters waren gebleven? Dat zie je in onze fotografietentoonstelling FLASH | BACK. Zestien topfotografen – waaronder Erwin Olaf, Rineke Dijkstra, Anton Corbijn en Sanja Marušić – lieten zich inspireren door de zeventiende-eeuwse schilderijen uit ons museum.
Het resultaat: zestien nieuwe meesterwerken. Voor elke zaal van het Mauritshuis één. In FLASH | BACK hangen, staan en liggen ze tussen hun zeventiende-eeuwse inspiratiebronnen. Door deze nieuwe meesters kijk je nooit meer hetzelfde naar Rembrandt, Vermeer en Jan Steen.

Ik waard it meast troffen troch de foto fan Erwin Olaf, dy’t him ynspirearje litten hie troch Jacob van Ruisdael syn ‘Gezicht op Haarlem’. Yn de 17e iuw begjinne skilders it lânskip net mear ôf te byldzjen as eftergrûn, mar as ûnderwerp. It wurk fan Van Ruisdael is dêr in moai foarbyld fan.

Erwin Olaf (1959), Holland, Duinlandschap met vreemdelingen (Foto It Nijs)

It skilderij fan Van Ruisdael en de foto fan Olaf hongen beide yn deselde romte mei as taljochting by de foto fan Olaf:

Tegenwoordig denken wij mensen dat we de natuur de baas zijn. Er is geen stukje Nederland meer dat niet bedacht of bebouwd is. Dit gegeven baart Erwin Olaf zorgen en neemt hij als uitgangspunt om te onderzoeken wie wij mensen eigenlijk zijn. Het bracht hem naar de Kennemerduinen in Haarlem.

Dizze skôging is in bewurking fan in artikel yn DE NIJE fan desimber 2022.

 

septimber 21, 2023 11:33
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 septimber 21, 22:30

    Dy fotograaf dy’t in sjoernalist yn ‘e mûle spuide omdat er dy sjoernalist net te wurd stean woe fanwegen syn politike miening… Sa’nt… Nee, gjin begrutsjen mei syn dea. Goed sa.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.