Betinking fan de Slach by Warns: in tradisjoneel barren

septimber 24, 2023 13:28

Ferslach

De frije sûne Fries. Dat wie it tema fan de Betinking fan de Slach by Warns dit jier. It waar wie goed, de foarsizzingen minder. It festival FrijSia koe troch mooglik stoarmwaar net troch gean. Der wie dit jier ek gjin tinte. De neisit wie dêrom – lykas fanâlds – yn it doarpshûs De Spylder yn Warns.  

Foto: It Nijs

De betinking begjint om 13:45. Deifoarsitter Siemkje Sieswerda iepenet it barren diskear. Tradisjoneel wurdt dan earst de flagge hyst. Dat waard dit jier foar de earste kear dien troch Durk Sybesma en Theo Coehoorn. Eef Bruinsma soarget foar it hoarnsinjaal.

Foto: It Nijs

Neffens de tradysje ûntkomt men der as taskôger net oan om te sjongen. De mannichte begjint it Flaggeliet te sjongen. By it twadde kûplet ûntstiet der ienheid yn it sjongen. Sa, sa waait ús Fryske flagge!

Foto: It Nijs

Nei in wurd fan wolkom is der twa minuten stilte foar dyjingen dy’t oeral yn de wrâld sûnder dat se dat wolle by geweld belutsen wurde.

Foto: It Nijs

Archeolooch Robbert Velt út Wergea fertelt koart oer midsiuwske fynsten dy’t hy yn Fryslân dien hat. Velt beheint syn opgravingen ta Fryslân. Nettsjinsteande dat er syn ferhaal yn it Hollânsk docht, fielt er him in oprjochte Fries en wol er de Fryske skiednis yn byld bringe. Syn wichtichste konklúzje oer de midsiuwske Friezen: se fjochtsje in soad tsjininoar. Mar as der in mienskiplike fijân is, steane se man oan man. By de neisit docht er in langere presintaasje oer wat er yn de jierren allegearre út de Fryske grûn nei boppen helle hat.

Foto: It Nijs

Muzikale bydragen binne der fan Marcel Smit. Syn assosjaasje mei de sûne frije Fries is it nimmen fan in bearenburchje op de ‘freehied’. Sûn is it fansels ek. Mei syn liet Omstekeard soarge dit eigenwiis Westereentsje foar in nij wurd yn it wurdboek. Dat moast hjoed dus spile wurde. It publyk hie wille om syn ludike optreden.

Foto: It Nijs

Lêste sprekker is Anne-Goaitske Breteler, histoarika en antropologe út Peazens-Moddergat. Se hâldt in betooch oer hoe’t de Fryske identiteit de Friezen sûn en fearkrêftich makket. De Fryske identiteit is basearre op mienskip en kollektiviteit. Men kin jins eigenheid ek ferlieze as men  altyd fan it kollektyf út hannelet. It binne twa kanten fan deselde medalje. De sprekster slút ôf mei de fraach oft de idee fan de frije Fries ús miskien krekt minder sûn makket. In moaie ûnderwerp foar it neipetear!

Foto: It Nijs

De Pewsumer Ridder André Freimut freget yn it Eastfrysk omtinken foar de earste ynternasjonale ‘Frieslandtag’. Dy sil op 25 novimber 2023 holden wurde yn de Johannes a Lasco Bibliothek yn Emden. Der is noch wol plak foar in pear bussen fol út Westerlauwersk Fryslân.

Foto: It Nijs

Oan de ein fan it offisjele part wurde de frijwilligers betanke. De deifoarsitter docht in oprop om frijwilligers foar it oare jier. Dy kinne har no ek noch melde fia ynfo@slachbywarns.frl. Nei it ôfsluten sjongt it publyk noch it Frysk folksliet. Under hoarnsinjaal wurdt de flagge strutsen.

Foto: It Nijs

Dan wurdt it wer stil op it klif. De minsken geane op hûs oan of sette ôf nei De Spylder foar in gesellich neipetear en in presintaasje fan Robbert Velt. De datum foar de folgjende betinking is ek al bekend: sneon 28 septimber 2024. Om 13:45 op it Reaklif.

Foto: It Nijs

 

septimber 24, 2023 13:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. U.T. Weistra septimber 25, 08:28

    ‘Men kin jins eigenheid ek ferlieze as men altyd fan it kollektyf út hannelet’ is heal Holllânsk. Goed Frysk is: út … wei.

    vanuit
    bywurd

    Oersettingen
    út … wei

    Vanuit de richting Groningen, volg richting Leeuwarden.

    Ut ‘e rjochting Grins wei, folgje rjochting Ljouwert.

    Buig je lichaam, bij alle bewegingen, vanuit je heupen en niet vanuit het bovengedeelte van je rug.

    Bûch it lichem, by alle bewegingen, út ‘e heupen wei en net út it boppeste part fan ‘e rêch (wei).

    Ik zie hem vanuit mijn ooghoeken met zijn andere hand iets pakken.

    Ik sjoch út ‘e eachhoeken wei dat er mei de oare hân wat pakt.

    Vanuit het klooster worden diensten georganiseerd.

    Ut it kleaster wei wurde tsjinsten organisearre.

    Wij werken vanuit een heldere probleemstelling, die samen met u is geformuleerd.

    Wy begjinne mei in heldere probleemstelling, dy’t mei jo formulearre is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.