Arriva wol treinen fan NS oernimme

septimber 25, 2023 08:11

Arriva wol fan 2026 ôf in stikmannich spoarlinen eksploitearje der’t no noch NS-treinen ride. De ferfierder wol skielk 24 stoptrein- en twa sneltreinen oernimme, seit Arriva-topman Anne Hettinga tsjin de Volkskrant. Om dat foarinoar te krijen, stapt de ferfierder nei de Autoriteit Consument & Markt (ACM).

Foto: Wikipedia/Niels Karsdorp Dh3201, eigen wurk – CC BY-SA 3.0

Dy spoarlinen hearre by it haadspoarnet. Sûnt jierren wurdt de konsesje dêrfoar ûnderhânsk oan de NS gund, dat dêrtroch gjin konkurrinsje hat. Ferfierders as Arriva fersette har dêr al langer tsjin, ek fia de rjochter, mar oant no ta sûnder sukses. Dêrom besiket Arriva it no op in oare manier fia de ACM. It bedriuw hat ferline wike fersiken yntsjinne om fan 2026 stadichoan hieltyd mear spoarlinen te eksploitearjen, ûnder mear op de trajekten Amsterdam-Hoorn, Swol-Utert en Vlissingen-Breda. Arriva wol ek de sneltrein nei Brussel fan de NS oernimme.

Dy trajekten geane, as it oan it kabinet leit, mei de folgjende konsesje wer nei de NS (perioade 2025 oant 2033). Arriva tinkt dochs in kâns op dy linen te meitsjen, omdat der noch gjin hantekening ûnder it kontrakt tusken it kabinet en de NS stiet. De Twadde Keamer moat him ek noch oer de konsesje bûge, dêr’t ek de kontroversjele spitsheffing yn opnommen is.

septimber 25, 2023 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.