Arjan Hut – Swiete prommen, soere prommen

septimber 30, 2023 19:15

Kollum

Freedtemiddeis komme de studinten foar Skriuwtraining A byinoar yn dBieb te Ljouwert. Efter de traaljes fan de âlde finzenis, dêr’t lokalen nammen ha as De Lik en De Nor, begjinne we altyd mei in gedicht. Diskear ha ik in âlden útsocht, in koart fers mei as titel This is just to say:

I have eaten

the plums
that were in
the icebox

and which
you were probably
saving
for breakfast

Forgive me
they were delicious
so sweet
and so cold

Skreaun troch William Carlos Williams, publisearre yn 1934. Yn it Frysk soe it sokssawat wurde as Ik sis mar sa:

Ik ha
de prommen
út de kuolkast
opsnobbe

dy’tsto grif
bewarje 
woest foar
dyn brochje

Ferjou my
se wiene hearlik
sa swiet
en sa kâld

In ferneamd fers, sa koart en sa helder. Datst de prommen priuwe kinst, faaks hiel wat fertelle kinst oer it stel yn dit gedicht, dêr ha we it oer hân. En ek hoe’t de prommen fan Williams yn 2017 in ‘meme’ waarden: op wat doe noch Twitter hjitte, fleagen de parodyen en fariaasjes it web oer, gauris yn kombinaasje mei de seiswurderoman dy’t oan Hemmingway taskreaun wurdt: “For sale. Baby shoes. Never worn.” Dan krigest soks as dit, twittere troch Adam O’Fallon Price:

I have eaten
the baby shoes
that were
for sale

Forgive me
they were delicious
so small
and never worn

De mieningen ferskille oer sokke koarte fersen, mar ik fyn it o sa knap as in dichter it koart wit te hâlden. Ideaal om te dielen, om mei om te boartsjen en alsa in grutter publyk te berikken. Ha wy yn it Frysk ek sa’n fers? Ien dy’t my daliks yn it sin sjit, is De rop om Doede fan Hidde Boersma. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma, makke der yn 2017 al in fariaasje of ferfolch op:

  soe de rop om Doede rikke
   boppe fluch ferkear fan kontintkreëarders
   tusken minder skrutele reagearders
   út de cloud wei troch Miss Google oplêzen
 
   Hâldst de siken yn
   spatst stikelich op
   of wachtest oant in oar dat docht
   wa is dy idioat dy’t sa om Doedes ropt?
   hy sjocht dy ynkringend oan
   mar hy moat him fersinne
   do bist ommers gjin Doede

It orizjineel is werom te lêzen yn Boersma syn debútbondel dy’t yn 2008 by Friese Pers Boekerij ferskynde. De oer-Fryske namme Doede liket yn it fers ynspirearre op The Dude út de film The Big Lebowski fan tsien jier earder. It “Dudeïsm” waard dêrnei in sabeare religieuze beweging dy’t krekt as it personaazje yn de film, spile troch Jeff Bridges, draait om it fermogen ta noflik en soargeleas neat dwaan. Dat liket my hearlik, sa licht en sa frij! Ja, in lêzer moat, tinkt my, wol in soere prom wêze, as Boersma syn Doedisme net op syn minst in glimk opropt. 

Der moat in Doede komme
dy’t gewoan in fiskje yt
sûnder bearen en begrutsjen

Der moatte Doedes komme
dy’t rjochttroch gean
om’t it harren neat skele kin

Der moat in Doede komme
dy’t de Doedes ropt

The Dude, rjochts. Joe Poletta, CC BY-SA 2.0, via Wikimedia Commons

septimber 30, 2023 19:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.