Arjan Hut – Blokkearje de Molkwei!
Resint ferskynd
Kollum

Anne Feddema. Boarne: Tresoar
Mei stjerrekunde-studint Alex Hin kuierje ik by Boerum mei in groep minsken nachts oer in betonpaadsje it tsjuster yn. Miskien sille we de Molkwei sjen, en Saturnus en Jupiter steane ek op it programma. De kuier makket diel út fan it Grutte Eare-festival, dat dit jier foar de twadde kear organisearre wurdt. Ik bin mei om gedichten foar te dragen dy’t by it tema passe, it hielal, mar ek it tsjuster sels.
Wylst Hin de minsken fertelt oer de grutte satelliten dêr’t we by lânskomme, en it minne effekt fan ljochtfersmoarging op de natuer en de minske, sjoch ik om my hinne. It festivalterrein sels komt in soad ljocht ôf, ik sjoch de oranje gloede fan Ljouwert oan de iene kant en Dokkum oan de oare. De fjoertuorren fan It Amelân en Skiermûntseach, swaaiende beakens dy’t ek by Boerum wei te fernimmen binne. Slimmer noch skitterje twa grutte trekkers dy’t op in pear kilometer ôfstân as supernova’s de eagen ferblynje. Ferline jier sei Hin: “Over vijftig jaar kun je nergens in Europa meer de Melkweg zien.”
As de trekkers har sirkuslampen ôfkeare, wenne de eagen wer wat oan it tsjuster. Wy litte de Grutte Earen hieltyd fierder efter ús. Ut en troch komt der in fytser lâns. Ik ken net alle gedichten út ’e holle, dat ik lês se fan in e-reader. It ljocht fan it skermke liket thús net sa fûl, mar hjir liket it wol in spotlight! Mar we kinne by einsluten de Molkwei sjen en Hin wiist ús op de planeten en fiere, grutte stjerren as Aldebaran en Vega en hoe’t we se ek mar neamd ha. Hy fertelt oer de Grutte en de Lytse Bear, en wiist op de sierlike Draak dy’t beide útinoar hâldt.
Earder hie ik thús in tsjokke bondel fan Anne Feddema yn ’e hannen, mei syn bêste wurk sammele, De Lippebiter fan L. Poerlegrap sloech ik de bondel blynseach iepen, tinkend, miskien hat Feddema ek wol in geskikt fers dat ik foardrage kin. En ja, de muze en de goaden fan de poëzy hawwe it goed mei my foar, ik swets net as ik sis dat it boek iepenfoel op Stjerrekiker mei fierrekiker!
Tsien jier âld
Hja hienen al
Op ’e moanne rûn
It wie in
Hiel heldere jûn
Fûnkeljende skittering
Grilklear kâld
Mei de fierrekiker
Fan heit Zeiss
Stie ik
Te universum sjen
Ik seach it hielal
Alhiel nét
Uneinigens mei
Noch in stikje derby
It waard te kâld
Sa bûten yn piamabroek
Tusken de planeten
Moai dy typyske wurdboarterij fan de Ljouwerter dichter en foardrager, winner fan de Gysbert en ek nochris in buertgenoat! Zeiss, ik ken it net, mar letter tink ik oan de fuotbalklup Carl Zeiss Jena – of myn harsens roppe dy namme op, as ik thús wekker lis en weromtink oan de kuier. Wêr soe er mei de fierrekiker stien ha? Koe de lytse Anne yn Ljouwert doe noch te stjerresjen? Wylst demonstranten, jong en âld, dizze wike wer massaal oppakt wurde foar it blokkearjen fan sneldiken yn ús mikroskopyske lantsje (ik sjoch alles op no kosmyske skaal) soene we eins ek tsjin ljochtfermoarging yn it gewear komme moatte. Blokkearje de Molkwei!
Nei hjitte tee en
In stik koeke
Myn waarme bêd
Sliep stjerrekiker
Ljocht fan ferline dei
Stjerren no doddich
Yn it tsjuster
Moarn wurdt juster
It libben sjoen troch
Omkearde fierrekiker
Libben … ivichheid
Moanne … planeten
Ik draach it gedicht foar oan ’e ein fan de kuier. It is al nei tolven en de minsken wolle nei hûs, moarn is wer in wurkdei.
Wat wie
Dat komt
Dat isSliep
Mare Tranquilitatis
Lekker sliepe aanst, sis ik tsjin de kuierders, en earst mar in Grutte Bear-bierke. Op it festivalterrein brânt in kampfjoer. De kjeld lûkt út de grûn op. Hin rydt my yn syn auto nei Bûtenpost, dêr wachtsje ik op de lêste trein. Ek hjir op it stasjontsje is it oeral ljocht. Fiel ik my feilich? Ik dikerje omheech en sjoch de Molkwei alhiel nèt.

De Molkwei, we sjogge nei it sintrum fan ús stjerrestelsel. Bern fan de takomst sille har mei in plaatsje rêde moatte. Boarne: Wikipedia Commons. Martin Bernardi, CC BY-SA 4.0
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje