Anne Dykstra: Plasse

septimber 20, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (46)

Joast Halbertsma (1789-1869) hie in bulte niget oan folksleauwe en hy ferwurke it ek yn syn ferhalen en stikjes, bygelyks yn ’e Flotgaerzen fan 1854. Dêr stiet te lêzen: ‘Ien jongwiif, dy ien jier mannich sonder bernheljen by de man slept hie, mocht op krjemmesites (kreambesites) fen de krinteboalen alinne de plassen ite.’ Soks die soms fertuten, want yn in hânskrift fan Halbertsma lêze we: ‘Dat komt fen al dy plassen, de vrouw is zwanger.’ Halbertsma jout der noch in taljochting by. ‘Jonge vrouwen’, seit er, ‘geven de anderen op kraambezoeken de kapjes van het krentebrood te eten.’ Halbertsma syn ‘jonge vrouwen’ litte jin oan it Fryske jongwiif tinke. In jongwiif is in frou dy’t bernswier is, dy’t yn har jongwiifwêzen of yn har jongwivichheid is. Oan ’e ein fan ’e jongwivigens is it oan it jongwiivjen ta, dan moat se befalle.

Men soe sizze dat mei it bernheljen dêr’t Halbertsma it oer hat, it wurk fan ’e kreamheinster bedoeld wurdt. It giet lykwols wol deeglik oer it sels krijen fan bern, want Halbertsma seit yn syn wurdboek: ‘Myn wiif is oer it bernheljen hinne’, se is te âld om bern te krijen.

septimber 20, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Henk septimber 20, 11:23

    Ik kin my foarstelle dat dat ‘heljen’ fan bern, dat yn it Frysk sa faak foarkomt, deel útmakket fan de foarstelling dat de oankommende mem op reis giet om in berntsje op te heljen – út in beam wei (Jobbegea), ûnder in stien wei (Burgum) en al sawat, út de koal op it lân wei en al sawat.

  2. Ed Knotter septimber 21, 10:17

    Ed
    Is it net wat spitich dat jongwiif hjir telâne komt yn de rubryk ‘ûnfoech’ praat?
    Yn de Hollânkstalige sin hat Halbertsma it oer Jonge ‘vrouwen’. Dêr soest út opmeitsje kinne dat ‘wijven’ mids de 19de iuw yn dy taal al gjin foech mear joech, wylst dat yn it Frysk dochs oars is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.