Anne Dykstra: Fan ’e nút hân ha

septimber 27, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (47)

As in frou fan ’e nút hân hat, dan hat se it liif fol. Sels ken ik nút, as it om it seksuele giet, eins allinne yn de betsjutting fan tylbal. Meast wurdt nút dan yn it meartal brûkt en faak yn situaasjes dy’t men as man leaver net meimakket. Men kin bygelyks mei de nuten op ’e stange falle of men kriget in bal yn ’e nuten. Net noflik.

Boarne: pixabay.com

De nút kin lykwols ek it foarste eintsje fan ’e kul wêze. Dêr wurdt op doeld yn de siswize fan ’e nút hân ha. Op ’t heden wurdt dat earste, net ûngefoelige, eintsje fan ’e kul meast mei ikel oantsjut, dat winliken oerset Hollânsk is. Yn it Hollânsk kin men immen trouwens ek útskelle foar eikel. It Fryske ikel lient him dêr neffens my net foar. Tsjin ien dy’t we ûndûbelsinnich meidiele wolle dat we fan him bale, sizze we gewoan: grutte eikel! Dêr ha we gjin ikel by noadich. Njonken nút hat it Frysk trouwens noch de beneaming kopke foar it Hollânske eikel. Dat wol al hielendal net skelle.

septimber 27, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bouke Slofstra novimber 13, 10:30

    Binne der wol geef-fryske foarbylden fan fuortplantingsorganen dy’t as skelwurd brûkt wurde? Sels “kloat” is net oarspronklik Frysk (dat soe “kleat” wêze moatte). Is de hiele byldspraak fan kul=fint net oan it Hollânsk ûntliend?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.