Anne Dykstra: Brjitsje
Resint ferskynd
Kollum
Unfoech praat (44)
Yn it famyljeblêd Foar hûs en hiem stie yn 1890 in frij iepenhertige tekst fan H. van Warners:
Sa woe it mei myn frijen tige scjitte,
En ’t boaskjen brocht in bulte griente mei;
Mar troch dy fratsen woe myn turf gau briette,
En die it wiif hwet faek in wâldreis mei.
It tiidwurd brjitsje betsjut neffens it WFT ‘tot brokken worden (van turf)’. Yn earste ynstânsje tocht ik dat it oer it oergean fan de floeibere feanprut yn de fêste matearje turf gie. Dat soe dan moai passe as metafoar foar de befruchting. Ik bin lykwols net wis fan myn ynterpretaasje, want neffens datselde WFT wurde brjitterich en brjittich brûkt om oan te jaan dat de turf sels brokkelich is.
De griente dêr’t Van Warners it oer hat komt fan grien, ‘fereale’. As men in griene rite hat, dan is men fereale en as guon grien mei-inoar binne, dan komt it fan beide kanten. Immens griene side is syn of har linkerkant, dêr’t je sitten gean (giene) om mei him of har te frijen. Fan in frou sein, koe grien ek betsjutte dat se swier wie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje