Anne Dykstra: Aaikoer

septimber 13, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (45)

Foardat der aanst gjin aaien mear binne, earst mar efkes in sechje út Waling Dykstra syn Uit Frieslands Volksleven (1896): Dy har koer mei aaien koe wol ris brekke. Dykstra syn útlis dêrfan fyn ik wat eigenaardich: ‘van eene hoogzwangere vrouw die over de be-ijzelde straat loopt.’ In frou dy’t op alle dagen rint en dy’t oer in beïzele dyk giet, wannear sjogge we dat no? Dochs net sa faak dat it in siswize wurdich is, liket my ta.

Likegoed hat in fariant, mar wol yn ’e selde setting, Dykstra syn wurdboek (1900) helle: No, dy har aaikoer koe ek wol ris brekke. Dy frou heart yn har omstannichheden trouwens hielendal net op dy glêde dyk te wêzen. Oare froulju dy’t bernswier binne, binne folle foarsichtiger, dat kinne we ek sjen yn Dykstra syn wurdboek: Hja giet sa trinten, it is krekt as se op aaien giet. It wurdboek lit yn ’e midden oft it hjir allinne om guon giet dy’t noch mar krekt swier binne.

Yn Volksleven stiet noch in aardich byld fan it brekbere nije libben yn ’e memmeskurte: Dat wyfke draacht glêsporslein. Glêsporslein is in porsleineftich glês dêr’t kopkes en sûkerpotten en sa fan getten wurde.

septimber 13, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.