Amerikaanske kustwacht rêdt strâne Dútser op ûnbewenne eilân

septimber 2, 2023 09:50

De Amerikaanske kustwacht hat op de Bahama’s in Dútser rêden dy’t op in ûnbewenne eilân telâne kommen wie. De man wie mei syn boat yn ’e problemen kommen en hold fan need trije dagen op Cay Sal ta, in ûnbewenne eilân tusken de Amerikaanske steat Floarida en Kuba. Earder melde de kustwacht dat it om in Nederlanner gie.

Foto: pixabay.com

De rêdingsaksje wie heal augustus al, mar letter makke de kustwacht pas bekend dat de man dy’t rêden wie in 64-jierrige Dútser is. Hy waard út de loft wei opmurken om’t er ljochtkûgels ôffjurre. Hy hie ek grut ‘SOS’ yn it sân skreaun. De kustwacht liet doe iten, wetter en in radio delkomme. Mei de radio koe kontakt mei de man lein wurde. Hy koe úteinlik mei in boat fan de kustwacht oppikt wurde. De man hie in provisoaryske tinte foar himsels boud.

Neffens in wurdfierder fan de kustwacht is de rêding in goed foarbyld fan wêrom’t minsken de juste feilichheidsfoarsjenningen oan board ha moatte. “As wy de ljochtkûgel net sjoen hiene, hie it in stik minder suksesfol ôfrinne kinnen.”

septimber 2, 2023 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.