Pier Bergsma – Betocht yn Stiens: Aap, noot, mies
Resint ferskynd
- Binne Mosk: By it ferstjerren fan Erwin Olaf (1959–2023) 0
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Frysk Museum keapet earste wurk mei Hylper sêne fan Christoffel Bisschop 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Nijjiersrevu De Jouwer: Septimber, wy binne wer los! 0
Kollum
Koartlyn hiene se yn Gytsjerk doarpsfeest. Oan de kant fan de dyk stiene printsjes fan de lêsmetoade Aap, Noot, Mies. Nieuwold út Wergea, Van der Meulen út Winaam en Hoogeveen út Stiens stiene oan it begjin fan it tsjintwurdige lesûnderwiis.
No’t de skoallen wer begûn binne, dogge de bern fan groep 3 harren bêst om it lêzen yn ’e macht te krijen. Wy kinne it ús no net foarstelle, mar yn de santjinde iuw waarden de Bibel, it ‘Onze Vader’ en de ‘Tien geboden’ brûkt om bern lêzen te learen. Dat wol sizze de bern dy’t nei skoalle giene, want dat giene se net allegearre.
Se begûnen net daliks mei dy bekende parten fan de Bibel. Earst learden de bern de letters fan it alfabet. Dy waarden oanleard yn folchoarder fan it alfabet, dus earst de “a”, dan de “b” ensafuorthinne. Se stiene yn it saneamde ‘Hanenboek’, want op it kaft stie in hoanne ôfbylde. Dy wize fan lêzen learen, sil foar in protte bern net maklik west hawwe. Dochs slagge it de measten.
Pas yn it begjin fan de njoggentjinde iuw ûntstiene oare metoaden, lykas dy fan de Fryske predikant en skoalle-opsichter J.H. Nieuwold (1737-1812). Hy wie dominy yn Wergea. In strjitte oan de eastkant fan it doarp is nei him neamd. Foar de fúzje fan de twa Wergeaster skoallen wie der sels in J.H. Nieuwoldskoalle.
Nieuwold wie ien fan de earsten dy’t it lêzen oanlearde op basis fan in wurd yn stee fan letters. Yn syn boekje Spelend Onderwijs stiene plaatsjes mei wurden. Yn Tresoar haw ik in pear kopyen makke fan A of eerste voorlooper van Nieuwolds spelend onderwijs, fan T. van der Meulen, ûnderwizer yn Winaam. It is in hiel lyts boekje, útjûn yn 1835 troch Thieme yn Zutphen, mei bygelyks in plaatsje fan ‘de koe Wie geeft ons melk?’ (sjoch it plaatsje ûnderoan). Oan de rjochterkant fan deselde side stiene de letters apart k oe ensf. Dy oanpak hellet it net by de lettere ‘globaalmetoaden’.
Deselde wize om lêzen te learen waard letter populêr troch it lêsboerd fan Hoogeveen mei it bekende “aap, noot, mies”, dêr’t de measte Nederlanners oan it begjin fan de tweintichste iuw it lêzen mei learden.
Veilig leren lezen, in metoade dy’t op in protte skoallen brûkt wurdt,
hat ek in stikmannich basiswurden lykas ‘boom, roos, vis’.
De metoade ‘Aap, noot, mies’ waard betocht troch haadmaster Hoogeveen út Stiens (1863-1941). De earste ferzje waard nea publisearre. Pas in pear jier letter, yn 1897, ûntwurp er in lêsboerd dat by Brinkgreve yn Deventer útbrocht waard. It begûn mei de wurden raam, roos, nee, fik, gat. De mieningen oer dy oanpak rûnen fier útinoar. Yn 1910 waard in ferbettere ferzje ûntwikkele troch skoalmaster en ûnderwizer Jan Ligthart en learaar Hendericus Scheepstra.
Sukses kaam pas yn 1910, doe’t de lêsmetoade oernommen waard troch útjouwerij Wolters. Dy hat yllustrator Cornelis Jetses opdracht jûn om de tekeningen op it plankje te meitsjen. De metoade waard brûkt oant healwei de sechstiger jierren fan de foarige iuw, mar it ‘plankje’ is noch te keap, bygelyks as tafelmatsje. De plaatsjes binne ferâldere, mar dat jildt net foar it prinsipe. Neffens my is it bêst mooglik om de bern no ek noch it lêzen mei middels lykas dy âlde plankjes en boekjes te learen.
Twa jier lyn publisearre Aant Mulder in nijsgjirrich artikel op It Nijs oer Frysk lêsûnderwiis. Sjoch syn kollum “Hakke en plakke” fan 17 augustus 2021. Fanwegen syn sykte soe it ien fan syn lêste bydragen foar It Nijs wurde. Aant ferstoar 8 maaie ferline jier. Wy misse him noch hieltyd.

Foarbyld út A of eerste voorlooper van Nieuwolds spelend onderwijs
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje