Ynspirearjende sportdokumintêre

augustus 24, 2023 07:25

Foto Osenji. Boarne Wikimedia Commons CC BY-SA 4.0

Foto

Kommende sneontejûn stjoert de NTR in dokumintêre út fan Jacco Groen. Dy folget trije sporters mei in ferstanlike beheining en de Nederlânske hockeyploech by de tarieding op de spesjale olympyske wrâldspullen 2023 yn Berlyn. It meidwaan oan dat evenemint sil in grutte ynfloed op harren fierdere libben hawwe.

Oan de Special Olympics World Games dogge 7.000 atleten út 190 lannen yn 26 sporten mei. Se wurde stipe troch 3.000 coaches en 20.000 frijwilligers. Yn Nederlân hawwe sa’n 440.000 minsken in ferstanlike beheining. De sporters ûnder harren kinne troch mei te dwaan oan harren spesjale olympyske spullen oan selsrespekt en selsfertrouwen winne. Se wurde mûniger, selsstanniger, en leare om foar harren eigen belangen op te kommen. It sporten is net allinne goed foar de sûnens, mar ek foar it gelok en kwaliteit fan it libben.

‘De weg naar de Special Olympics’ is in ynspirearjende sportdokumintêre oer de universele krêft fan sport dy’t boppe beheiningen útgiet.

Te sjen op 26 augustus 2023 om 19.05 oere by de NTR op NPO 1.
augustus 24, 2023 07:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.