Yn ’e oarloch gie Marga Minco oardel jier troch it libben as de Friezinne Fimkje Kooi

augustus 8, 2023 08:18

Marga Minco is op 10 july 2023 ferstoarn. De yn Noard-Brabân berne skriuwster is 103 jier wurden. Dêrfan gie se oardel jier as Friezinne troch it libben. Dat hie alles te krijen mei de Twadde Wrâldoarloch, de perioade dy’t letter yn har literêre wurk sintraal stean soe.

Persoansbewiis fan Fimkje Kooi/Marga Minco (boarne: Tresoar)

Marga Minco wie joadsk en dûkte om dy reden yn ’e oarloch ûnder. Krekt as de measte ûnderdûkers beskikte se oer in falsk persoansbewiis. It probleem wie lykwols dat har persoansbewiis sichtber falsk wie en har sadwaande by in mooglike ynfal gjin feiligens bea. It ferset waard dêrom ynskeakele foar in bettere ferfalsking. Dy waard op it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel fabrisearre. Dêrta wurke amtner Sieger Posthuma de jong ferstoarne Fimkje Kooi wer ta libben. Fimkje wie berne op 14 oktober 1917 yn Suwâld, mar ferstoar – noch gjin seis jier âld – oan de gefolgen fan tbc.

Posthuma sette Fimkjes namme en bertedatum op in nij persoansbewiis en joech it identiteitsbewiis mei syn hanteken en stimpel autentisiteit. In Fryske yllegaal wurker brocht it dokumint dêrnei nei Heemstede, dêr’t Marga op dat stuit ûnderdûkt wie. Mei har Fryske identiteit wist se de oarloch te oerlibjen.

Yn 1983 folge in bysûndere moeting tusken de eardere ûnderdûkster en de âld-gemeente-amtner. Minco iepene dat jier in útstalling yn it Frysk Fersetsmuseum, dêr’t Posthuma doe foarsitter fan wie. Yn har iepeningsrede gie de skriuwster foaral yn op hoe’t it tafal de rin fan it libben bepale kine. ‘De macht fan it tafal’ hie him ek middenyn ’e oarloch iepenbiere. Hoe soe it har fergien wêze, sa frege se har gehoar, ‘as ien net tsjin my sein hie: “Wat hasto in ferskriklik min persoansbewiis; ik sil soargje datst in oare krigest.”‘

Har ‘Fryske’ oarlochsferhaal ferwurke se yn De glazen brug, in novelle, dy’t yn 1986 as geskink by de Boekewike ferskynde. It giet oer de syktocht fan de joadske Stella nei Maria Roselier dy’t op 11 maaie 1940 ferstoarn wie. Mei dy har identiteit wist Stella de oarloch te oerlibjen.

Boarne: Tresoar

augustus 8, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.