Winners Poëzijposter-wedstriid Dichter fan Fryslân bekend

augustus 7, 2023 15:25

Bauke Vermaas, Berber Spliethof, Lara Kool-De Vries, Neeltje Terpstra en Sietske Boonstra binne de winners fan de poëzijwedstriid fan de Dichter fan Fryslân. De winners krije € 200,- en de gedichten wurde as poëzijposters ferspraat ûnder alle skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân. 

Sigrid Kingma (foto: Reyer Boxem)

Sigrid Kingma, Dichter fan Fryslân: “Ik bin hiel tefreden oer de ynstjoeringen. Moai is ek dat de fiif bêste gedichten elk by in oar fak hearre. It doel fan it projekt is om de sichtberens fan Fryske poëzy yn it fuortset ûnderwiis te fergrutsjen. Dat ik hoopje dat de skoallen de poëzijposters in moai plakje yn de leslokalen gunne.”

Om Fryske poëzy nei skoallen te bringen, skreau de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, in poëzijwedstriid út mei in tema út in eksakt fak, lykas wiskunde, natuerkunde, biology, skiednis, ierdrykskunde, skiekunde of ekonomy. It gedicht moast de lêzer op in oare wize nei de lesstof sjen litte. De winnende gedichten sille as posters opmakke en foarmjûn wurde troch Silke Boersma.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Sjoch foar mear ynformaasje en de winnende gedichten op www.dichterfanfryslan.nl.

Taheakke: Gedichten poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

augustus 7, 2023 15:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.