Waarpraatsje: Freed rein?

augustus 31, 2023 17:50 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waar foar freed is ûnwis. Yn in grut part fan it lân sil it reine. Hoe wiet it yn Fryslân wurde sil, is min te sizzen.

Tongersdeitenacht kin op guon plakken damp ûntstean. Der stiet hast gjin wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich oant frij krêftich en komt er út it súdeasten. Mei in graad of 7 is it fris.

Freed sil it foar in grut part in skiere dei wurde, mei yn ‘e middei miskien in skoft rein, mar wis is dat noch net. By in matige eastewyn wurdt it 18 graden.

Yn it wykein is it rêstich simmerwaar mei in graad of 20.

Jan Brinksma

augustus 31, 2023 17:50 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.