Twadde lunchkonsert Sint-Pitertsjerke Grou

augustus 22, 2023 07:27

Theo Jellema. Foto Ad Fahner. Boarne Wikimedia CC BY-SA 3.0

Sneon 26 augustus 2023 jout de Ljouwerter oargelist Theo Jellema in lunchkonsert yn de Sint-Pitertsjerke fan Grou. It konsert begjint om 12.00 oere en duorret trije kertier. It giet foarôf oan Tsjerkepaad, de iepenstelling fan de tsjerke fan 13.30 oant 17.00 oere.

Theo Jellema (*1955) studearre oargel oan it Stedelijk Conservatorium fan Grins. Hy hat oargelist west fan de Lutherske tsjerke yn Ljouwert, de Martinytsjerke yn Frjentsjer en de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert. Hy wie oargeldosint oan de konservatoaria fan Grins, Swol en Arnhim. Dêrnjonken hie en hat er in rike karriêre as konsertearjend oargelist en is er oargeladviseur. Yn 2017 waard er stedsoargelist fan Ljouwert.

It programma sjocht der sa út:

Josef Rheinberger  (1839-1901)  
Introduktion en Passacaglia út Sonate VIII  (opus 132)

Wouter Blacquière (1944)
Berceuse

Gustav Jenner  (1865-1920)
Es ist das Heil uns kommen her
Was Gott tut, das ist wohlgetan
Jesu, meine Freude

Josef Rheinberger
Preludium in c (út Zwölf Stücke opus 156)
Canzonetta in As (idem)

Reitze Smits (1956)
Postludium (út Nine short pieces)

Jean-Pierre Sciau (1965)  
Prélude / Postlude (út Missa brevis)

augustus 22, 2023 07:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.