‘Spannende keunst’ yn Ferwert

augustus 24, 2023 08:18

Sneon 9 septimber is de leste Keunst yn Tsjerke, mei de iepen doarren fan de Sint- Martinustsjerke yn Ferwert. Dy sneon, tusken 10.00 en 17.00 oere, eksposearje Els de Laaf en Petra Dijkstra.

Wurk fan Els de Laaf (boarne: Doarpsbelangen Ferwert en Hegebeintum)

Els de Laaf har wurk lit djipte en romte foar suggestje sjen. Hja eksposearret yn Ferwert mei abstrakte skilderijen yn strak ritme skildere. Yn Ferwert bringt se ek feestlike fantasybisten mei. Har skilderijen binne meastal kleurryk.

Petra Dijkstra toant har syanotypen. Hja makket sels de sjabloanen, bewurket de blauprinten mei akryl en soms brûkt se borduerjern foar in detail. De ûnderwerpen binne meastal fleurich, mar se komt ek mei beladen ûnderwerpen. Har lêste wurk eksposearret se yn fiif houtboeken, dy’t men iepenje of tichtlitte kin.

Koartsein: beide keunstners komme mei ‘spannend wurk’.

Wurk fan Petra Dijkstra (boarne: Doarpsbelangen Ferwert en Hegebeintum)

augustus 24, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.