Skûtsjesile: it giet wer oan!
Resint ferskynd

Foto AM
Moarn begjint it jierlikse skûtsjesilen wer. Fan 5 oant en mei 18 augustus giet it om it kampioenskip fan de SKS en fan 19 oant en mei 26 augustus om dat fan de IFKS.
Benammen yn de plakken yn Fryslân dy’t sels thúshaven fan in skûtsje binne libbet dy unike Fryske sport fansels tige. Foar de SKS binne dat (yn de folchoarder fan de klassearring fan ferline jier): De Lemmer, Grou, Langwar, It Hearrenfean, Ljouwert, Earnewâld, Huzum, Snits, De Jouwer, Drachten, Akkrum, Starum en Wâldsein.
Foar de IFKS: Earnewâld, Rotterdam, Warkum, Eastermar, De Gaastmar, Heech, De Tynje, Makkum, Rotterdam, Frjentsjer, De Jouwer, Heech (2x), Frjentsjer, Yndyk en Drylts.
Omrop Fryslân makket it mooglik om troch tv en radio yn de kommende trije wiken dêr thús tsjûge fan te wêzen. Yn de wedstriidplakken wurdt der in feest fan makke. Hiel wat minsken jouwe dêr de foarkar oan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje