Skriuwster Aggie van der Meer (95) ferstoarn
Resint ferskynd
Skriuwster Aggie van der Meer is sneon ferstoarn. Sy is 95 jier wurden. Frou Van der Meer skreau in hânfol poëzybondels en mear as tsien romans en novellen. Yn 2019 krige sy de Gysbert Japicxpriis foar har folsleine wurk.

Aggie van der Meer (foto: Omrop Fryslân)
Aggie van der Meer waard op 2 septimber 1927 yn Boalsert berne en bleau dy stêd har hiele libben trou. Sy brocht dêr har bernejierren troch, siet dêr op skoalle en is der ek troud.
Sy wie jierren aktyf foar de Fredesbeweging en skreau foar dy beweging ek artikels. Yn 1964 publisearre útjouwerij Osinga yn Boalsert in berneboek fan Aggie van der Meer mei de titel It kemiel fan omke Romke.
Op lettere leeftiid lei sy har ta op literêr proaza en op poëzy. Se wie it meast aktyf yn de earste tsien oant tolve jier fan de 21ste iuw. Tusken 2000 en 2012 skreau se fiif poëzybondels en sân boeken mei literêr proaza, likegoed romans as novellen. Dêrnjonken makke sy yn dyselde perioade noch fiif stikken foar toaniel.
Yn 2011 waard sy foar De Oerfeart nominearre foar de Piter Jellespriis, dy’t sy ek wûn.
It boek De Achttjin (2016) waard yn 2019 nominearre foar de Gysbert Japicxpriiis. Aggie van der Meer krige dy priis ek op 25 septimber fan dat jier, mar foar har folsleine wurk. Sûnt kaam fan har gjin nij wurk út.
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje