Seehûnen hâlde ôfstân faninoar om sykte foar te kommen
Resint ferskynd
Seehûnen hâlde ôfstân faninoar as se op it lân lizze, nei alle gedachten om sykten foar te kommen. Dat docht bliken út ûndersyk troch it Keninklik Nederlânsk Ynstitút foar Undersyk fan de See en Wageningen Marine Research op de Waadsee.

Foto: pixabay.com
Troch middel fan loftfoto’s fan it Waadgebiet koene ûndersikers de ôfstân tusken seehûnen en de buorlju dy’t it tichtstby wiene mjitte, skriuwt NH Nieuws. Der waard sjoen nei groepen gewoane seehûnen en grize seehûnen dy’t op it lân leine. Ut it ûndersyk docht ek bliken dat gewoane seehûnen mear ôfstân faninoar hâlde as grize seehûnen. Gewoane seehûnen lizze yn trochsneed 1,62 meter faninoar ôf, grize nimme mei wat minder as in meter, minder ôfstân.
Sosjaal ôfstân nimme
It ferskil yn ôfstân komt nei alle gedachten trochdat de gewoane seehûn folle fetberder foar sykten is. Troch fierder útinoar te lizzen, kinne sykten har lestiger ferspriede. Sosjaal ôfstân nimme dus, krekt as minsken dat yn de koroanarite diene. Op it Waad libje twa seehûnesoarten: de gewoane en de grize. Se binne it bêste werom te kennen oan de ferskillen yn de kop. De grize seehûn hat in spitsere snút en plattere kop as de gewoane seehûn. Dêrnjonken is de grize seehûn in stik grutter: mantsjes kinne trije meter wurde en oant 350 kilo wage, wylst de gewoane seehûn sa’n 1,6 meter wurdt en oant 87 kilo waacht.
It mei opsetsin ôfstân hâlden is nei alle gedachten in evolusjonêre reaksje, seit ûndersiker Jeroen Hoekendijk tsjin de regionale omrop. Tusken 1988 en 2002 is de helte fan de populaasje gewoane seehûnen deagien troch útbraken fan it Phocine Disemper Virus (PDV). “Under de grize seehûnen giene doe hast gjin bisten dea”, fertelt Hoekendijk. De resultaten binne opfallend, fynt de ûndersiker. “Wy hiene wol in foargefoel dat de gewoane seehûn ôfstân fan syn soartgenoaten hâldt, mar dat se echt oan sosjaal ôfstân nimmen dogge, komt as in ferrassing.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje