Russyske lâner Loena-25 delstoart op moanne-oerflak
Resint ferskynd

Makette fan Loena-25 (foto: Wikipedia/Pline, eigen wurk – CC BY-SA 4.0)
De Russyske moannelâner Loena-25 is delstoart op it moanne-oerflak. Ofrûne sneon gie de kommunikaasje mei de moannelâner ferlern, berjochtet it Russyske romtefeartynstitút Roskosmos sneintemoarn op Telegram. Roskosmos hat gjin kontakt mear mei de lâner meitsje kinnen.
Ut foarriedich ûndersyk fan it romtefeartynstitút docht bliken dat de lâner yn in ûnkontrolearre baan om ’e moanne kommen wie, en dat er dêrnei op it moanne-oerflak delstoart is. Loena-25 waard ferline wike tongersdei lansearre en kaam woansdei yn in baan om ’e moanne. Moandei soe de lâner yn ’e buert fan de súdpoal fan de moanne lânje. Ferskillende lannen binnen dwaande dat part fan de moanne te ferkennen, om’t der nei alle gedachten wetter en seldsume grûnstoffen te finen binne.
Sneon melde Roskosmos dat er in technysk defekt ûntstien wie. It romtefeartynstitút hat in yntern ûndersyk oankundige nei de oarsaak fan it delstoarten. It wie de earste Russyske moannemisje yn 47 jier.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje