Rûnlieding ‘Untdek de skatten fan Tresoar’ op tongersdei 31 augustus
Resint ferskynd
Hokker skatten wurde der allegearre by Tresoar bewarre? Hoe sjocht de wrâld ûnder de stúdzjeseal derút? Wat is it âldste boek dat by Tresoar bewarre wurdt? En hoe oarderet Tresoar hast 37 kilometer oan materiaal yn it depot? Dat is altyd op de lêste tongersdei fan de moanne út te finen. Dan organisearret Tresoar fergees in rûnlieding troch it gebou dy’t minsken hiel spesjaal efkes efter de skermen sjen lit.

Foto: Tresoar
Om 14.00 oere begjint de rûnlieding fan likernôch fiif kertier. Oanmelde kin by it ynkommen oan de baly. Dat is it begjin fan de toer. Nei ôfrin stiet der kofje en tee mei wat lekkers klear.
Meidwaan oan de rûnlieding is fergees. Oanmelde kin fia dizze link.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje