Rjochtbank Swol wegeret eed yn it Frysk

augustus 22, 2023 07:10

De âlde rjochtbank Swol oan de Bijmarkt. Boarne Wikimedia Commons/Onderwijsgek CC BY-SA 2.5

Ald-wethâlder fan Skarsterlân (no De Fryske Marren) Jan Benedictus stie ferline wike tongersdei foar de rjochter yn Swol. Hy lei de eed yn it Frysk ôf: ‘dat ferklearje en ûnthjit ik’. De rjochter stie dat net ta. Benedictus koe dêrom gjin tsjûgenis ôflizze. De Leeuwarder Courant fan sneon 19 augustus 2023 berjochtet dêroer. De rjochter sei dat er de Fryske eed net ferstie. Dat giet yn tsjin de wet én tsjin de rjochtlinen dy’t op de eigen side fan de rjochtbanken stiet.

It Dagblad van het Noorden hâldt út dat rjochtsaken altyd yn it Nederlânsk holden wurde moatte en freget syn lêzers oft se it dêrmei iens binne. Sa’n 89% fan de respondinten is it dêrmei iens. Neffens dy krante fynt in foarstanner dat logysk. Dan kin ommers elkenien begripe, wat der sein wurdt.

Dat in Benedictus de eed yn it Frysk ôfleit is net in unikum. Yn jannewaris 2017 lei Marije Benedictus de dokterseed yn it Frysk ôf. Har suster die dat earder ek al, doe’t se toskedokter waard. De motivaasje fan Marije Benedictus wie doe: “… ast sa’n belofte yn dyn memmetaal dochst, is it – tink ik – oprjochter en earliker foar dyn pasjinten oer.”

Yn septimber is der wer in sitting yn deselde saak, dy’t oer in wenningbouprojekt op ’e Jouwer giet. Nei alle gedachten wurdt dan besocht om Benedictus nochris tsjûgje te litten.

augustus 22, 2023 07:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ferdinand de Jong augustus 22, 17:54

    Talio talio: de rjochter ferwegerje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.