Ried fan Europa: Bettere oerlisstruktuer Frysk needsaaklik

augustus 25, 2023 19:43

De Ried fan Europa hat in Advyskomitee foar it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden. Dat komitee hat op 24 augustus, nei oanlieding fan syn befiningen oer de stân fan saken fan de minderheden yn Nederlân, syn fjirde advys útbrocht.

Wichtichste punten yn it advys binne:

  • Nim ‘taal’, ‘hûdskleur ’ en ‘etnyske komôf ’ yn de Wet Gelikense Behanneling op. Meitsje net allinnich de Friezen en oare minderheden har dêr bewust fan, mar de hiele befolking.
  • Erken Roma, Sinty en wenweinbewenners as nasjonale minderheid en wreidzje de mooglikheden út foar de Papiamintsk sprekkende mienskip op Bonêre.
  • Soargje foar in bettere ynfrastruktuer fan it Frysk ûnderwiis.
  • Doch mear oan de befoardering fan twatalige strjit- en plaknammebuorden yn de provinsje Fryslân.
  • Meitsje learlingen en studinten bewuster fan de Fryske kultuer en skiednis, ek bûten de provinsje Fryslân. Untwikkelje dêr kurrikulums en learmiddels foar en diel dy en de al besteande learmiddels mei alle skoallen yn Nederlân.
  • De oanbefelling yn it foarige advys oer de needsaak fan ûnderwiis yn it Frysk bûten de provinsje Fryslân is wol besprutsen, mar net feitlik útfierd.
  • Soargje foar in formele, permaninte en ynklusive struktuer op nasjonaal nivo foar periodyk oerlis tusken Fryske non-gûvernemintele organisaasjes mei de oerheid.

De Jongfryske Mienskip, Fryske Rie en it Europeesk Buro foar de lytse talen (EBLT) en de Ried fan de Fryske Beweging hawwe ferline jier in petear mei de Advyskommisje hân. De kommisje konstatearret dat direkte kommunikaasjekanalen mei de sintrale autoriteiten ûntbrekke. Dat Fryske non-gûvernemintele organisaasjes harren stim fia de Taalskipper en DINGtiid (it advysorgaan foar de Fryske taal) hearre litte kinne, is net genôch. Yn in gearkomste mei de niisneamde organisaasjes en de Provinsje yn it begjin fan dit jier kaam dat punt al te praat. De oanbelangjende organisaasjes kinne it dêrmei lykfine. Wol binne se fan betinken dat it wichtich is dat alle organisaasjes harren eigen lûd hearre litte kinne.

Lês de advizen fan de Ried fan Europa.

augustus 25, 2023 19:43
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ferdinand de Jong augustus 26, 10:30

    En no? Wachtsje op it fyfde advys of oppakke en trochpakke? ‘Foar de rjochter slepe’ dy tsjinakselers en dan gjin hollanske fansels, mar in europeeske.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.