Révolúsje yn Frankryk
Resint ferskynd
Skôging

Eugène Delacroix, La liberté guidant le peuple (1830)
Mear as 1200 auto’s yn ’e brân, hûnderten gebouwen fernield, benammen skoallen en oare gebouwen fan ‘machthawwers’ lykas plysjeburo’s. Mei 45.000 plysjes en 1000 rebûljeskoppers oppakt, like it begjin july rêstiger te wurden. Ik haw der yn Parys net folle lêst fan hân, útsein dat de bus net kaam.
Pier Bergsma
Fan alle lannen yn Europa kriget Frankryk de measte toeristen, sa’n 90 miljoen yn in jier. Parys kriget dêr mear as de helte fan. Ik kom der al jierren, meast op trochreis nei taleynstituut CAVILAM yn Vichy. Ien fan bysûndere dingen dêr’t ik my ôfrûne juny yn ferdjipje woe is Art Nouveau.
Art Nouveau is in keunstfoarm dy’t oan ’e ein fan de njoggentjinde iuw opkaam. It giet om sierlike foarmen lykas de metroyngongen dy’t ûntwurpen waarden troch Hector Guimard. Hy wie ferantwurdlik foar de arsjitektuer fan dy yngongen tusken 1900 en 1913.
Museum Gare d’Orsay hat in lytse mar moaie ôfdieling oer dy keunst. Sadwaande wie ik tongersdeitejûn 29 juny in pear oere yn dat prachtige museum oan de Seine. De freedtemoarns haw ik nei de tentoanstelling oer Alphonse Mucha west. Dêroer de oare kear. No earst oer in aventoer nei ôfrin fan myn besite oan Orsay.
Ik nim al mear as tsien jier myn tearfyts nei Parys mei. Is der yn Parys goed te fytsen? Myn antwurd is steefêst: Parys is in geweldige stêd om te fytsen en it is ûnbegryplik dat net folle mear ynwenners en toeristen dat dogge. Njonken hast alle grutte ‘boulevards’ lizze fytspaden en op de busbanen mei ek fytst wurde. Dat betsjut dat men sûnder de benaude en grôtfolle metro oeral feilich en fluch komme kin. Men moat fansels bekend wêze mei de stêd. No moat ik sizze dat ik de earste kear op grutte pleinen as de Place de la République of Place de la Bastille wol senuweftich wie. Dêr is gjin reden foar, want de Frânske automobilisten binne freonlik foar fytsers, yn alle gefal foar my.
Ik hie in appartemint foar fjouwer nachten yn Ivry, ien fan de foarstêden oan de eastkant fan it sintrum. Dat is in ôfstân fan acht kilometer fan Museum Orsay. Sa’n fjirtich minuten op ’e fyts. Omdat it myn earste dei wie, haw ik yn Ivry de fyts by it RER-stasjon delset en dy ’super’ rappe metro nommen. Op ’e weromreis net goed útsjoen, want de RER hold net stil op Ivry, mar pas acht kilometer fierderop yn in oare bûtenwyk fan Parys, Choisy le Roi. Op dat stuit gjin RER werom, mar neffens myn mobile telefoan gie der wol in bus.
Sadwaande rûn ik nei de bushalte yn it sintrum fan dat plak en haw ik dêr mear as in healoere op in bus wachte, dy’t mar net kaam. Uteinlik frege ik in pear minsken wêr’t dy bus bleau, der hie al twa kear ien wêze kinne. Nee, dy rieden net fanwegen it opskuor oeral yn Frankryk. It wie moai waar en dêrom bin ik yn twa oere tusken healwei tsienen en healwei tolven jûns fia banlieu Vitry nei myn fyts weromrûn. Ik koe om alve oere hinne yn in lyts winkeltsje foar 39 sinten noch in banaan keapje, mar doe moast earst de kat fan de skealje.
Yn Vitry is in yndruk te krijen fan de swierrichheden dêr’t Frankryk mei wrakselet. Fanwegen it moaie waar wiene der in soad minsken bûtendoar. It haw eins gjin wite minsken sjoen. Ik wit net oft ik soks tsjintwurdich noch sizze mei, mar ik bin de woke-gefoelige jierren wat foarby. Wat my opfoel wie de grutte rommel oeral oan de kant fan de strjitte, sigarettepeuken, lege bierblikjes en wit ik wat noch mear. In soad hannel, ferkeap fan klean oan de kant fan de dyk, en dat jûns om healwei alven noch. Noch in soad bern en benammen jonge manlju op strjitte. Ik fielde my feilich, mar dat sil net foar elkenien jilde dy’t dêr jûns lâns rint. De wurkleazens en de earmoed binne grut yn dat plak. De minsken hjir leauwe al lang net mear yn ‘Liberté, égalité en fraternité’.
Op de webside fan de stêd skriuwt ynwenster Sarrola: Ik kin mar ien posityf punt betinke en dat is it goede iepenbier ferfier dat gelokkich net fan de gemeente ôfhinget. Vitry is smoarch, der binne ferlitten buerten, oeral rotsoai op strjitte. En it liket wol oft der allinne kebbab- en oare fastfoodwinkels binne en fansels de winkels mei halal iten. It gemeentebestjoer is net te berikken. As der al by tafal in skriftlike reaksje nei my tastjoerd wurdt, stiet dy fol flaters.
De ferskillen yn Frankryk binne grut. Yn Parys sels, binnen de Boulevard Périférique, de grutte ringwei fan 35 kilometer om de âlde stêd hinne, fernimst neat fan swierrichheden, útsein de tintsjes fan migranten by it Canal Saint Martin lâns.
Mar bûten dy ring, bygelyks yn banlieu Saint Denis, binne de swierrichheden mei kriminaliteit, drugs en geweld sa grut dat de plysje der amper komme doar en dat is net de iennige regio mei ûnoplosbere problemen. By de lêste rebûljes waarden oeral yn Frânske stêden hûnderten skoallen, postkantoaren en gemeentehuzen fernield, winkels plondere en 750 plysjes ferwûne.
As is sa trochgiet sil Marine le Pen mei har partij Rassemblement Nationale de folgjende ferkiezingen yn 2027 sûnder muoite winne. Dat sil yn de ‘zones urbaines sensibles’, sis mar de drege buerten noch mear geweld en ûnrêst meibringe.
Der mei wol in nije Frânske revolúsje komme, mar dan organisearre troch it regear, om de problemen dy’t foar in part mei migraasje gearhingje oan te pakken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje