Prinsessehof toant nij wurk Koos Buster yn ‘Feest!’-útstalling
Resint ferskynd
Yn de útstalling Feest! Fan Pesach en Ketikoti oant Karnaval en Divali is no in nij wurk fan Koos Buster te sjen. It giet om in wetterkuoller fan keramyk út 2020. De wetterkuoller ferfangt Busters himmelkarre, as ûnderdiel fan de ynstallaasje oer it studintefeest. It wurk is noch o/m 7 jannewaris 2024 yn Keramykmuseum Prinsessehof te sjen.

Koos Buster, ‘Gert’, 2020, Allen & Overy, Amsterdam (foto: Ruben van Vliet)
Mei syn wurk fiert Buster, selsbeneamd Minister fan Keramyske Saken, triviale foarwerpen. Deistige saken, lykas in pinautomaat, in EHBO-doaze en in brânblusser, makket er libbensgrut nei fan klaai. De wetterkuoller, mei de titel ‘Gert’, hat it museum yn brûklien fan Allen & Overy, Amsterdam.
Feest!
Oan ’e hân fan tolve ferskillende feesten kleuret it Prinsessehof in ryk byld fan persoanlike, religieuze en kulturele fieringen en betinkingen, dêr’t wichtige mominten yn it libben mei markearre wurde. Yn de útstalling komme it bernefeest, Sineesk Nijjier, Karnaval, Pesach, it studintefeest, de jierdei, in selamatan, de brulloft, Eid al-Fitr (Sûkerfeest), Ketikoti, Divali en Kryst oan bod. De ferskillen tusken de fieringen binne grut, mar iten en drinken spylje hast altyd in belangrike rol en dêrmei ek keramyk.

Foto: Prinsessehof Ljouwert
Persoanlike ferhalen foarmje it útgongspunt fan de assosjative útstalling, dêr’t tolve ynstallaasjes yn te sjen binne mei in protte keramyk út it depot fan it museum en dierbere foarwerpen fan feestfierders út hiel Nederlân. Yn de útstalling fertelle sy yn audioferhalen alles oer harren fiering en tradysjes. Der binne ek ynteraktive eleminten oan de eksposysje taheakke. Men kin jins bêste feestûnderfiningen op de doar fan in studintekeamer diele, in keninklike tafel dekke, jins eigen kryststâl ynrjochtsje en in feestlik selske meitsje yn de fotosel. Feest! is ferlinge en is te sjen o/m 7 jannewaris 2024 yn it Prinsessehof yn Ljouwert.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje