Pier Bergsma: Lit saakkundigen sels foar de klasse stean

augustus 24, 2023 12:00

Eigen foto

De Onderwijsraad sit tige oer it tekoart oan learkrêften yn. Dat is grut en sil oprinne. In oplossing soe wêze om al dy saakkundigen dy’t no de minsken foar de fuotten rinne, sels foar de klasse te setten.

Yn regio midden binne ôfrûne moandei de skoallen wer begûn. It foel net ta om genôch learkrêften te krijen. (Lobke Vlaming: ‘Het lerarentekort is geen natuurramp’, LC 10 augustus). De tekoarten binne grut, benammen yn stêden as Rotterdam en Utrecht. Dat is soarchlik. De Onderwijsraad kaam yn juny mei it rapport ‘Schaarste schuurt’. Yn 2022 wie der in tekoart yn it basisûnderwiis fan 10.000 fte’s en yn it fuortset ûnderwiis koe foar 2/3 fan de fakatueren net ien fûn wurde. De Raad is net fleurich oer de takomst. De tekoarten sille oprinne. It seit himsels dat elke bydrage oan in oplossing wolkom is. Ien fan de oplossingen is om it ûnderwiis oantrekliker te meitsjen. De Onderwijsraad hat der bygelyks oer sein dat it giet om de fokus op de kearn fan it fak.

Ut ‘Schaarste schuurt’: “Lerarentekorten mogen niet alleen een probleem zijn van de scholen en schoolbesturen die er daadwerkelijk mee kampen. En de negatieve gevolgen van het lerarentekort mogen bepaalde groepen leerlingen en hun ouders niet extra hard raken.” En al earder skreau de raad: “Daarnaast moet de rijksoverheid terughoudend zijn met extra ambities en opgaven voor het onderwijs, zodat leraren kunnen focussen op de kern van hun vak: het geven en ontwikkelen van onderwijs.”

Dêr hat Klaas van Veen ek ideeën oer. Hy is direkteur by de VCGO (11 protestants-kristlike basisskoallen yn Grins) en heechlearaar ûnderwiiskunde oan de RUG. Neffens syn cv wurke er tritich jier lyn twa jier as ûnderwizer op in basisskoalle. Mei sa’n bytsje praktyske ûnderfining is it net frjemd dat er mei healwize ideeën komt, want: “Goed onderwijs is niet het geven van lessen, maar het begeleiden en monitoren van het leerproces van elk kind.” Boppedat soe dat it ûnderwiis oantrekliker meitsje. Dat skreau er koartlyn nei oanlieding fan it ôftreden fan Dennis Wiersma, dy’t neffens him te kritysk oer de bestjoeren wie.

It seit himsels dat elke bydrage oan in oplossing wolkom is.

Unbedoeld makket Van Veen dúdlik wat in protte bestjoerders en ûnderwiissaakkundigen misse, nammentlik praktysk ynsjoch yn it wurkjen mei grutte groepen learlingen. “Dat begeleiden en monitoren van het leerproces”, dêr is it ûnderwiis hielendal net foar bedoeld en mei de hjoeddeiske groepsgrutte ûnmooglik. Dat wiidweidige fêstlizzen fan de foarderingen fan it learen laat foar it grutste part ta sinleaze ynformaasjebagger. Grutste beswier: it is gjin ûnderwiis. Underwiis is neffens Van Dale “Het systematisch overbrengen van kennis en kunde door daartoe aangestelde bevoegde leerkrachten.” Boppedat is it de fraach oft de learling sa sintraal stean moat en kin. Dat skriuwe de skoallen wol, mar wiermeitsjen is wat oars. It liket my earder dat it ûnderwiis sintraal stean moat.

It grutte tekoart oan kwalifisearre learkrêften wurdt foar in part feroarsake troch de grutte koarste fan minsken dy’t om it ûnderwiis hinne hingje. Se freegje ûnmooglike dingen fan de dosinten dy’t it eigentlike wurk dogge en rinne harren foar de fuotten. It is net om ’e nocht dat in soad nije minsken nei in skoft it ûnderwiis wer ferlitte. Wêrom geane dy ‘saakkundigen’ sels net foar de klasse stean om yn ’e praktyk te bringen wat se besykje om oaren wiis te meitsjen? As al dy lju sels foar de klasse stiene, wie it tekoart yn ien klap oplost.

Yn al dy lokkige jierren yn it ûnderwiis, haw ik my net in soad oanlûke hoegd fan de fiergesichten fan bestjoerders en saakkundigen en as direkteur ek altyd mei nocht en wille lesjûn.

Dizze bydrage stie tongersdei 17 augustus op de opinyside fan de Leeuwarder Courant.
augustus 24, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.