PC Frjentsjer op twa lokaasjes

augustus 2, 2023 09:15

De PC yn Frjentsjer is fanwegen it waar letter begûn, nammentlik om 12.00 oere. Boppedat wurde yn de earste en twadde omloop guon partijen net op it Sjûkelân ferkeatst, mar op in fuotbalfjild oan de Hertog van Saxenlaan.

In eardere edysje fan de PC (foto: Wikipedia/Theun – CC BY-SA 3.0)

De dei begûn drûch, mar fan ‘e moarn sette it al op in reinen. Dêr komt mooglik tonger en heil by.

De PC stiet woansdei 2 augustus de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Fan de earste oant de lêste slach is de wedstriid streekrjocht te folgjen op de radio en fia in livebloch op de webside en de app.

Fan 14.00 oere ôf binne op telefyzje en fia de stream op de webside streekrjochte bylden fan de wedstriden op it Sjûkelân te sjen. Fan de partijen dy’t op it fuotbalfjild keatst wurde, sille de hichtepunten yn de streekrjochte útstjoering foarby komme. Foar de radio is der in ferslachjouwer dy’t de earste twa omlopen oan de Hertog van Saxenlaan folget.

Boarne: Omrop Fryslân

augustus 2, 2023 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.