Partoer Steenstra, Hiemstra en Wassenaar wint 170e PC
Resint ferskynd
It partoer fan Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hat woansdei de 170e PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer wûn. Yn de finale wiene Steenstra-en-dy mei 5-1 6-2 te sterk foar Haye Jan Nicolay, Hessel Postma en Patrick Scheepstra. Steenstra waard útroppen ta kening.

Boarne: KV De Twa Doarpen/DIOS
It is de twadde titel op rige foar it partoer fan Steenstra. Ferline jier wûnen se de PC ek, doe mei 5-5 6-4 fan Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra.
Iensidige finale
De finale fan dit jier ferrûn iensidich. Steenstra, Hiemstra en Wassenaar begûnen sterk oan de wedstriid en hiene al gau in 3-0 foarsprong te pakken. Steenstra-en-dy gunden it partoer fan Nicolay hielendal neat. Ferskillende earsten einigen yn 6-0 en sa rûnen Steenstra, Hiemstra en Wassenaar út nei 5-0. By dy tuskenstân rêden Nicolay, Postma en Scheepstra de eare troch dochs noch in earst te pakken. Spannend waard it lykwols net mear. By 5-1 6-2 waard de bal foar slein en wie de partij oer. Foar Hiemstra en Wassenaar wie it harren lêste PC. Hja namen sa yn styl ôfskied. Foar Hiemstra wie it syn fiifde titel, Wassenaar pakte syn fjirde PC-winst en Steenstra wûn de wichtichste keatspriis foar de twadde kear.
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje