Organisaasje klear foar Agraryske Skôging 2023

augustus 4, 2023 08:17

Woansdeitejûn 27 septimber om 20.00 oere en tongersdei 28 septimber fan 08.30 oant 17.30 is it tiid foar de 69e edysje fan de Agraryske Skôging op ’e Jouwer. Yn beweeglike tiden foar de agraryske sektor sil dizze edysje yn it teken stean fan de fraach: ‘Stikstof, politike kohannel?’

Agraryske Skôging 2022 (foto: Wefabric)

Op de iepeningsjûn yn Partysintrum ’t Haske wurdt it ûnderwerp ûnder it omtinken brocht. Abel Kooistra (listlûker BBB Fryslân en beliedsadviseur GGA LTO-Noard), Alex Datema (direkteur Food en Agri Rabobank Nederlân) en Roy Meijer (NAJK-foarsitter, Nederlânsk Agrarysk Jongerekontakt) diele harren stânpunt oer de stikstofproblematyk ûnder lieding fan jûnfoarsitter Robert Ellenkamp (koördinator fan regionale fakblêden by Agrio).

Agraryske Skôging 2022 (foto: Wefabric)

Agrarysk moetingsplak
It park Heremastate is 28 septimber mei de Agraryske Skôging poadium foar de boer en de nijste lânbou-ynnovaasjes. Fan feefoerbedriuwen, silo- en betonleveransiers, banken, advokatekantoaren oant wurkkleanleveransiers: de agraryske fakbeurs is in wichtige skeakel yn Fryslân en Noard-Nederlân foar moetingen tusken leveransiers en ôfnimmers. Dêrneist kin kennis opdien wurde oer alles wat mei lânbou te krijen hat.

Nei de suksesfolle edysje yn 2022 mei in rekôroantal besikers, sjocht de organisaasje fan de Agraryske Skôging út nei de 69e edysje. “De Agraryske Skôging is it plak dêr’t weardefolle ideeën en kennis opdien wurde. Jong en âld diele dêr tips en helpe inoar by fraachstikken. It is in fakbeurs dêr’t elkenien de taal fan de lânbou sprekt”, seit Ypke Bouwhuis, beursmanager Agraryske Skôging.

De Agraryske Skôging
Al jierren is de Agraryske Skôging in begryp yn de agraryske sektor. De beurs lûkt alle jierren tûzenen besikers en der steane yn trochsneed sa’n 150 diskehâlders. Der is genôch romte om mei-inoar yn petear te gean en inoar te ynspirearjen. De iepeningsjûn is op woansdei 27 septimber fan 20.00 oere ôf yn Partysintrum ’t Haske, Fegelinswei 20 op ’e Jouwer. Yntree is fergees.

De Agraryske Skôging wurdt op tongersdei 28 septimber holden yn en om Park Heremastate op ’e Jouwer fan 8.30 oant 17.30 oere. Yntree is € 5,-. Foar bern oant tolve jier is de tagong fergees.

Mear ynformaasje is te finen op agrarischeschouwjoure.nl.

augustus 4, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.