NPO 2 jout omtinken oan grutste slave-opstân op Curaçao

augustus 15, 2023 15:51

Sa waard Tula yn 2012 ferbylde troch Ed Selberie. Boarne Wikimedia Commons CC BY-SA 4.0

Op tongersdei 17 augustus wurdt de grutste slave-opstân op Curaçao betocht. It gesicht fan dy opstân yn 1795 wie Tula, dy’t ûnder strieminne omstannichheden op plantaazje Knip wurke. Op 17 augustus besleat er om mei fyftich oare ûnfrijen it wurk derhinne te smiten en yn opstân te kommen.

By de eigener fan de plantaazje Casper Lodewijk van Uytrecht fûnen se gjin gehoar, dat dêrom giene se nei de haadstêd om by de gûverneur te protestearjen. Underweis sleaten har by oare plantaazjes hieltyd mear slaven oan, sadat de groep op it lêst út twatûzen striders bestie. Dochs moast Tula syn moed en liederskip mei de dea bekeapje en in protte fan syn folgelingen mei him.
De opstân is letter útgroeid ta in nasjonaal symboal fan eigenwearde op Curaçao. Yn 2010 is Tula ta nasjonale held fan Curaçao útroppen.

Op de dei fan de betinking is op NPO 2, de jûns om kertier oer alven, in dokumintêre te sjen. De Curaçaose sjongeres Izaline Calister nûget musikus/teätermakker Thijs Borsten út om de Ruta di Tula te rinnen. Dat is de rûte dy’t Tula rûn. Underweis moetsje se artysten, musisy, histoarisy en in pastoar. Mei harren prate se oer Tula en syn ynfloed op de tsjintwurdige tiid. Foar elke gast sjonge en spylje se as tank en spylje se in bypassend liet.
Yn oansluting op de dokumintêre stjoert NPO 2 Ekstra it konsert út dat as ûntknoping fan de tocht fan Tula op plantaazje Zuurzak op Curaçao opnommen is.

Op 3 oktober 1795 waard Tula troch de Nederlânske koloniale oerheid eksekutearre. Dit jier, op deselde datum, sil it Nederlânske reager Tula rehabilitearje. Op de foarjûn, 2 oktober om 20.30 oere, stjoert NPO 2 beide programma’s nochris út.
augustus 15, 2023 15:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.