Nijjiersrevu De Jouwer: Augustus, wy meie hast wer!

augustus 30, 2023 09:00

Bloch

Op wei nei de 36e Nijjiersrevu op ’e Jouwer (8)

Wylst de iene de koffer wer nei de souder bringt, in oar de caravan himmelet en wer nei de stalling bringt en noch in oar fan syn lêste knyntsjedagen genietet, is it bestjoer fan Revu de Jouwer alwer yn tou foar de 36e Nijjiersrevu. De earste bestjoersgearkomste hat alwer west. It wie in folle aginda, want yn it simmerskoft komt der ek noch wol it ien en oar op ús ôf.

Foto: Revuploech De Jouwer

Sa hat ús sekretaris Vivian ús bygelyks wer ynskreaun foar Rabo ClubSupport: in moaie aksje fan de Rabobank, dy’t it ferieningen mooglik makket om in ekstra bûssintsje te fertsjinjen. Leden fan de Rabobank kinne ús stypje troch fia de webside fan de bank op ús te stimmen. Fansels moat dêroer kommunisearre wurde om minsken derfan op ’e hichte te bringen. Mear dêroer stiet de kommende wike op ús sosjalemediakanalen.

Wurkgroep It Lokaal, dy’t út namme fan ferskate kulturele en sosjaal-maatskiplike organisaasjes yn ús gemeente al jierren mei de misje dwaande is om in goede akkommodaasje foar dy organisaasjes te krijen, hat ek net stil sitten. Op 13 septimber is der in ynformaasjegearkomste. Bestjoerslid Tea is belutsen by de tariedingen.

Dan is der op 9 septimber it Uitfestival op ’e Jouwer. In moai momint foar ús om sjen te litten wa’t wy binne en wat wy dogge. By de Menistetsjerke sille wy tusken 15.00 en 15.30 oere de minsken witte litte dat der yn jannewaris 2024 wer wat moais op ’e planken fan It Haske stiet. Fansels moat ek sa’n optreden goed taret wurde: wa dogge deroan mei, wat litte wy sjen en hearre, de muzyk moat byinoar socht wurde, wat dogge wy oan, wat moat der op it struibriefke stean dat wy dêr útdiele, wa presintearret it gehiel, ensafuorthinne.

Wat de besetting oangiet hawwe wy ek noch wat útdagingen. Wy binne bygelyks noch op ’e siik nei in foarsitter en in sminkster; in nije toetsenist of akkordeonist soe ek moai wêze. Wa’t suggestjes hat, kin it ús witte litte op info@revudejouwer.nl of telefoanysk op (06) 27 37 63 87.

En dan it wichtichste: op 5 septimber begjinne de repetysjes foar de 36e Nijjiersrevu. Wy hawwe der wer sin oan! It skript is klear, al is der altyd noch romte foar aktuele saken. De rolferdieling leit foar 90% fêst. De muzyk is skreaun… Koartsein: wy kinne der wer tsjinoan!

Folkeline Papjes, augustus 2023

Besjoch it optreden op it Strjitfestival:

augustus 30, 2023 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.