Nije stichting Bliksum Films wurket oan Fryske films

augustus 17, 2023 08:55

HOLWERT – Okkerdeis is de stichting Bliksum Films oprjochte. Dy sil him mei ynmoed ynsette foar it meitsjen fan Fryske films. It doel is om mei films fan ynternasjonale alluere in bydrage te leverjen oan de Fryske kultuer. Troch in breed publyk mei autentyk Fryske films te ferrassen en te fermeitsjen wol Bliksum Films it brûken fan de Fryske taal fuortsterkje.

f.l.n.r: Rob Camies | Klaas Bies | Aant Jelle Soepboer | Wilfried Bijma. Foto © Bliksum Films

Mei it bestjoer, besteande út Aant Jelle Soepboer (foarsitter), Klaas Bies (ponghâlder), Rob Camies (sekretaris) en Wilfried Bijma, en in team fan talintfolle professionals sil de stichting him op it ûntwikkeljen en produsearjen fan heechweardige Fryske films rjochtsje. It earste projekt is it ûntwikkeling fan in film dêr’t foar gearwurke wurdt mei Janko Krist, regisseur fan de suksesfolle film Stjer. Mear ynformaasje dêroer folget meikoarten.

Bliksum Films is fan doel om in stimpel te drukken op de Fryske filmyndustry en sjen te litten dat Fryske films mei in ynternasjonaal foarkommen de gewoanste saak fan de wrâld binne.

 

augustus 17, 2023 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.