Nije searje oer ûnôfhinklikheidsoarloch yn Yndonezië
Resint ferskynd
Andere Tijden presintearret de nije achtdielige dokumintêresearje Indonesia roept!. Dêryn folget Hans Goedkoop it spoar fan syn pake: Rein fan Langen.

Hans Goedkoop yn Yndonezië (foto: NTR)
Pake Rein, berne op Java, groeit om 1900 hinne op yn in tiid dat de koloniale oerhearsking noch ûnwrikber liket. Mar it ferset groeit, de Yndoneziërs easkje selsbeskikkingsrjocht en nei de Twadde Wrâldoarloch komt it ta in bloedige ûnôfhinklikheidsoarloch. Generaal-majoor Van Langen fjochtet mei yn dy oarloch, dy’t rûchwei fan 1945 oant 1950 duorret. It is ien fan de meast kontroversjele oarloggen dy’t Nederlân ea fierd hat.
En Van Langen is net samar ien; hy heart ta de liedende figueren oan de kant fan Nederlân. En hoe is it dan foar Hans Goedkoop om in wurdearre famyljelid oan ’e kant fan de dieder werom te finen? Troch de ferhalen oer syn pake en de Nederlanners njonken ferhelderjende en oprjochte tsjûgenissen fan Yndonezyske njoggentichplussers, neiteam en saakkundigen te lizzen, wurdt dúdlik hoe fier oft de sentiminten en belangen útinoar rûnen.
Utstjoering: Indonesia roept! is fan freed 1 septimber ôf te sjen om 22.20 oere by de NTR op NPO 2.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje