Nij wittenskiplik programma by de NTR
Resint ferskynd
Tûzenen planeten binne de ôfrûne jierren ûntdutsen, allinnich al yn ús eigen Molkenpaad. Dochs liket de ierde de iennige te wêzen dy’t fol is mei libben. Wat makket ús thúsplaneet sa unyk?

Foto: NTR
Yn it nije programma Govert naar de kern van de aarde folget wittenskipssjoernalist Govert Schilling fan 10 septimber ôf wittenskippers yn harren syktocht nei in better begryp fan planeet ierde. In blauwe bol dy’t fol is mei libben. Hoe is de ierde ûntstien? Hoe sjocht it ynwindige derút? Hoe wurkje kontinintferskowing, berchfoarming en fulkanisme? Oan hokker bûtenierdske ynfloeden stiet de ierde bleat? De klam yn de searje leit op it unike mei-inoar opspyljen fan natuerkrêften dat it libben op ierde mooglik makket.
Yn seis ôfleveringen giet Govert Schilling nei karakteristike lokaasjes yn ferskillende parten fan de wrâld. Hy praat dêr mei wittenskippers, giet mei op fjildûndersyk en leart oer harren befiningen en ideeën. Dêrby ferliket er de ierde mei oare planeten yn ús sinnestelsel. Underweis wurdt de sjogger traktearre op spektakulêre lânskippen en bjusterbaarlike útsjoggen dy’t ús planeet te bieden hat. Govert nei de kearn fan de ierde is in tagonklike, mar tige ynformative wittenskipssearje, dêr’t it útsûnderlike karakter fan planeet ierde yn sintraal stiet.
Utstjoering: fan snein 10 septimber ôf om 19.25 oere op NPO 2.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje