Negatyf swimadvys Grutte Wielen
Resint ferskynd

By de Grutte Wielen. Boarne Wikimedia Commons/EmielH CC BY-SA 3.0
Yn it wetter by de Grutte Wielen by Ljouwert is blau-alch fûn. Dêrom wurdt sûnt woansdei 16 augustus oanret om dêr net te swimmen. Troch blau-alch kinne minsken maklik lêst fan hûdyrritaasje krije en de mage en de termen reitsje der gau fan oerstjoer. Foar hûnen is it ek gefaarlik om yn wetter mei blau-alch te swimmen.
It wetter by de Lytse Wielen is skjin. Dêr kin noch wol swommen wurde.
Mear ynformaasje en de aktuele stân fan saken binne te finen op Zwemwater.nl. Dat webstee wurdt alle dagen byholden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje