Microsoft hellet troch AI makke reisbloch fuort

augustus 25, 2023 08:18 Fernijd

Microsoft hat in artikel dêr’t ferkearde reistips foar de Kanadeeske stêd Ottawa yn jûn waarden, fuorthelle. It artikel stie op de MSN-startside en joech ûnder mear as tip om nei de itensbank te gean as útstapke. It bliek ien fan ferskate flaters te wêzen yn in troch keunstmjittige yntelliginsje (AI) generearre artikel.

It artikel wie ûnder mear te sjen op de Britske startside fan MSN en hie de titel ‘Nei Ottawa? Dizze dingen moatte jo absolút net misse.’ Op it tredde plak waard de itensbank neamd mei dêrby ûnder mear de sin: ‘It libben is al dreech genôch. Gean der mei in lege mage hinne.’

Net kontrolearre
Dat de itensbank op de list mei tips stie kaam troch in flater fan de keunstmjittige yntelliginsje dy’t Microsoft brûkt. It bedriuw joech yn 2020 in stikmannich sjoernalisten dien. Sûnt waarden hieltyd mear artikels troch KY skreaun, mar dy wurde noch wol altyd troch minsken kontrolearre foar’t se publisearre wurde. “It artikel is romme en wy ûndersykje hoe’t it troch ús kontrôle hinne kommen is”, seit in Microsoft-wurdfierder tsjin The Verge.

De sin dy’t yn it KY-artikel neamd waard, is nei alle gedachten ferkeard fan de webside fan de itensbank yn Ottawa oernommen. Dêr stiet: ‘It libben is al útdaagjend genôch. Stel jo foar dat jo dy útdagingen dan ek noch mei in lege mage oangean moatte.’ Mar dat is lang net de iennige flater yn it stik. Sa stiet der by in tip oer Rideau Canal, in histoarysk kanaal dat troch it sintrum fan Ottawa rint, in foto fan de rivier de Rideau, berjochtet CBC. Dy streamt op in oar plak yn ’e buert fan de stêd. En yn de oanbefelling fan in jierliks winterfestival stiet ‘de grutste snie fan Noard-Amearika’. Der is wol in park mei snie, mar ‘de grutste snie fan Noard-Amearika’ liket foaral wer in ynterpretaasjeflater fan KY te wêzen.

Unbetroubere nijswebsiden
Grutte mediabedriuwen eksperimintearje mei it gebrûk fan keunstmjittige yntelliginsje by it skriuwen fan berjochten, mar binne der efterhâldend mei. Wol ferskine der hieltyd mear troch KY skreaune artikels op ûnbetroubere nijswebsiden dy’t inkeld bedoeld binne om adverintsje-ynkomsten te generearjen, saneamde content farms. It brûken fan populêre sykwurden yn sokke stikken moat derfoar soargje dat der safolle mooglik op klikt wurdt.

augustus 25, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.