Meartalich heger ûnderwiis: minder geef Frysk?
Resint ferskynd

© Fan fan Fryslân
It tal trijetalige skoallen (Nederlânsk, Ingelsk, Frysk) nimt ta. Yn it fuortset ûnderwiis is it tal learlingen dat oan it eksamen Frysk dielnimt ek tanommen. Diene yn 2017 noch 110 learlingen eksamen, yn 2022 wiene dat 156. Fryske les wurdt lykwols benammen op basisskoallen jûn. Yn it fuortset ûnderwiis bart dat faak allinnich mar yn it earste learjier.
De Ried fan Europa sit yn noed oer de oanpak fan it Frysk yn it heger ûnderwiis. Dat stiet yn it Fjirde advys fan it Advyskomitee foar it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden. It komiteee warskôget derfoar dat it feralgemienjen fan meartalich ûnderwiis yn de praktyk ta minder behearskjen fan it Frysk liede kin. It docht de Nederlânske oerheden de oanbefelling om de effekten fan ûnderwiis yn de Fryske taal yngeand te analysearjen yn relaasje ta meartaligens yn it heger ûnderwiis.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje