Liuw ûntkommen yn spitsoere Pakistaanske miljoenestêd Karachi
Resint ferskynd
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Dinosaurus Barry wurdt feild: ‘Tige goed bewarre bleaun’ 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0

Foto: morguefile.com
In folwoeksen liuw hat sa’n twa oere op strjitte trochbrocht yn de Pakistaanske stêd Karachi. Yn de spits wie it bist út de auto fan syn eigener ûntkommen. Nei in syktocht is de liuw yn beslach nommen; it is ferbean om sokke rôfdieren yn wenwiken te hâlden.
It is noch ûndúdlik hoe’t de liuw útnaaie koe. Doe’t er ien kear út de auto wie, stie it bist op ien fan de drokste strjitten fan de miljoenestêd. Ynearsten rûn de liuw de kelder fan in gebou yn. Dêrnei rûn er op ’e dyk, dêr’t grutte files ûntstiene. It rôfdier soarge foar panyk, mar luts ek in soad sjoggers. Sjoernalisten diene ferslach fan de situaasje en talleaze omstanners besochten in glimp fan de liuw op te fangen.
Hoe’t it no mei de liuw giet, is ûnbekend. Syn eigener is oppakt. Yn Pakistan wurde liuwen faker as húsdier holden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje